Foartgong digitale tapassing Fryske taal
Steatelid Lieuwe van der Pol freget yn gearwurking mei CDA, D66 en SP oan it kolleezje wat de stân fan saken is by it projekt "Spraak naar tekst en tekst naar spraak". Al in oantal jierren wurdt fersocht om oan ynsprutsen teksten te kommen om it Frysk ek foar allerhande digitale tapassingen te brûken. Ien fan de digitale tapassingen fan spraakwerkenning is it automatysk ûndertiteljen fan fideo. In probleem fan de âlderein is faaks dat men it sprutsen wurd op bygelyks de Omrop net folgje kin. Ek minsken mei dôvens ha hjir uteraard lêst fan.
"It projekt rint al sûnt 2018, mar automatyske ûndertiteling is noch altyd net beskikber fia bygelyks teletekst. We binne viif jier fjirder. It wurdt no hast alris tiid" fynt van der Pol. "Ek yn it Frysk wolle wy in ynklusive mienskip wêse foar âlderein en minsken mei dôvens." De ChristenUnie wol ek fan de Deputearre witte hoe sy de útfiering dêrfan befoarderje sil.