Omrop Fryslân heart by primêre provinsjale taken
Opiny
Is it perfoarst nedich dat de provinsje Omrop Fryslân stipet? Dizze simmer is de provinsje begûn mei it neitinken oer dy fraach as ûnderdiel fan in bredere diskusje oer de ‘kearntaken’. Sintraal is dêrby de fraach: Moatte we dizze taak trochsette?... Ek as der finansjeel minder te besteegjen is? Sa’n diskusje is wichtich en bringt mei har mei dat de kar foar in taak mei oertsjûging makke wurde moat.
De twadde Rykstaal Frysk hat in foarm fan wetlike beskerming krigen. Dêrmei hat it regear har ek ferplichte ta it nimmen fan maatregels yn it eigen taalgebiet dy’t it Frysk ta goede komme yn de omgong mei-inoar. Binnen de provinsje mei eltsenien yn de polityk him of har yn it Frysk útdrukke. Teksten meie yn it Frysk oanlevere wurde. Yn de rjochtbank hawwe de Friezen it rjocht harren yn de memmetaal te uterjen. Ek de Rie fan Europa erkent it Frysk mei ferdragen en hânfêsten en jouwe it dermei somtiden mear respekt as de minsken yn Fryslân sels.
Omrop Fryslân is in regionale stjoerder, dy’t in aparte status krigen hat ûnder de oare provinsjale stjoerders. Neist de reguliere bekostiging krijt de Omrop ekstra budzjet wêrmei’t hja bygelyks berneprogramma’s en SkoalTV meitsje kinne en mear ynhâld jaan kinne oan in op de NPO útstjoerde wyklikse Fryslân Dok. Ek de digitale nijsapp fan de Omrop wurdt foar in part hjirút bekostige. Dizze app bewiist op mominten mei grutte ympakt ek dat har nijs op grutte skaal rieplachte wurdt. Omrop Fryslân is ek wakker dwaande om it Frysk op in sa noflik mooglike wize te brûken en te befoarderjen.
De Omrop is ek net foar neat de rampenstjoerder. Sûnt 1979 wit Fryslân ek net better. Tillefyzje en radio binne al mar minder populêr ûnder de jongerein. Dochs witte hja mei de app en op sosjale media lykas Facebook, Instagram en TikTok ek dizze groep oan har te binen.
De Omrop leit har profesjoneel ta op de taak it Frysk te brûken en te promoatsjen. De lêzers en harkers witte de Omrop altyd goed te finen. Hja is goed bekend yn de provinsje, wit wat der spilet en is mei namme yn de simmer in grut promotor fan de Fryske sporten en kultuer. Op in tagonklike wize wurdt de ferbining lein tusken de ynwenners.
Foar de útfiering fan dizze ekstra taken leit it Ryk jierliks ekstra jild op it kleed. Ek de provinsje docht dat en – wat my oanbelanget – bliuwt dat sa .Oer de kreativiteit by dizze Omrop meitsje ik my gjin soarch. Hja sille ek yn de takomst de wei nei de ynwenner fine. Koartom, Omrop Fryslân fertsjinnet it net allinnich om bliuwend yn de kategory “kearntaak” te bliuwen, mar Fryslân dielt de soarchplicht foar it Frysk mei it Ryk op basis fan de wet. Dat makket it Frysk in wetlike en in kearntaak.