Frysk
De provinsje Fryslân is de earstferantwurdlike foar de ûntwikkeling en it fuortbestean fan it Frysk. It Frysk is de memmetaal fan in grut part fan de Fryske befolking. Dochs wurdt faaks oerskeakele nei it Nederlânsk as yn in selskip ien fan de dielnimmers yn it Nederlânsk reagearet. De ChristenUnie fynt it yn stân hâlden fan it Frysk wichtich en wol it sprekken en ferstean fan it Frysk oanmoedigje. Beide aspekten binne wichtich om de Fryske kultuer fierder te dragen.
Basisûnderwiis
Yn it ûnderwizen fan de twadde lânstaal binne skoallen de primêre útfierders. It taalûnderwiis wurdt droegen troch goede metoaden. Tagelyk ûntbrekt it yn it ûnderwiis oan in dúdlike kwalifikaasje struktuer. De ChristenUnie is fan miening dat it ûntbrekken fan kwalifisearre personiel net as argumint brûkt wurde kin foar it krijen fan in ûntheffing op basisskoallen. De metoaden binne sa skreaun dat ek in fan hûs út Nederlânsktalige juf of master it Frysk goed begeliede kin. Lyk as dat ek bart mei it Ingelsktalige ûnderwiis op basisskoallen. Derby hoeve âlders der net oer yn te sitten dat it learen fan it Frysk in drompel oplevert foar it goed learen fan it Nederlânsk. Undersiken ha oantoant dat twatalige en sels trijetalige skoallen earder foarop rinne as efteroan.
Fuortset- en Middelber Berops Underwiis
Ek it fuortset- en middelber berops ûnderwiis kin net bûten in twatalige opset fan it kurrikulum, omdat der yn ferskate beropsfjilden in protte kontakten mei de lokale befolking plak fine. Yn de detailhannel,
yn de soarch, yn it ûnderwiis en ek yn it deistich ferkear kin men net bûten in basale behearsking fan ús twadde lânstaal. De ChristenUnie trunet dêrom by de lânlike oerheid oan op yntegraal ûnderwiis fan beide talen op de skoallen yn it Fryske taalgebiet. Ek mei de ekstra fereaske finansjele middels. De skoallen kinne de taal ek praktisearje by it yn ‘e kunde kommen mei de ferskate Fryske sporten en kulturele eveneminten. Sa komt it Frysk eigene yn de folle breedte oan bar.
De soarch en it Frysk
Hielendal as minsken yn noed binne, moatte hja harren yn harren memmetaal uterje kinne. Dêrom moatte wurknimmers yn de soarch it Frysk yn elts gefal passyf behearskje. Dat betsjut dat yn de oplieding fan soarchferlieners, ferpleechkundigen, dokters, agogyske meiwurkers en psychologen it passyf behearskjen fan it Frysk as ûnderdiel oanbean wurde sil en winsklik ek it aktyf behearskjen. De ChristenUnie wol dêrom yn oerlis mei de ûnderwiisynstellings yn it MBU en HBU it Frysk oanbiede yn
tagonklike modulen dy’t yntegraal diel útmeitsje fan de ferplichte modulen.
It bedriuwslibben en it Frysk
De stêds- en doarpsnammen binne op tal fan plakken suksesfol oersetten yn harren Fryske foarm. Yn de praktyk blike de arguminten tsjin dizze feroarings gjin hout te snijen. Ek nimme mear ûndernimmers
it Frysk as liedend op yn harren kommunikaasje nei de ynwenners, sa as de earste Frysktalige supermerk yn Eastermar. Dit wurdt ek wurdearre troch de minsken fan bûten. De provinsje kin mei it posityf ynsetten op ‘Praat mar Frysk’ de toan sette, sadat mear bedriuwen oar de streep holpen wurde.
Frysk op de RUG
De provinsje Fryslân hat in bestjoersoerienkomst Fryske Taal en Kultuer (BFTK) mei de Ryksoerheid.
Dizze ôfspraken wurde yn 2023 opnij makke. Doel is û.o. de Fryske taal yn it ûnderwiis yn it gehiel en dermei ek yn it wittenskiplik ûnderwiis te boargjen. Yn 2022 hat de Ryksuniversiteit Grins gjin heechlearaar oanstelt foar de stúdzje Fryske taal en kultuer. De ChristenUnie trunet oan op it
hânhavenjen fan de ôfspraken: net allinnich troch ynfolling fan dizze learstoel, mar ek troch in folweardich lesprogramma oan de RUG.
Rjochtspraak en it Frysk
Yn de rjochtspraak hat elts it wetlike rjocht om it Frysk te brûken. Dit jildt nei ús betinken ek foar rjochtsaken dy om praktyske redenen bûten de provinsje plak fine.
Frysk en de Fryske ynstellings
Neist de skoallen hawwe organisaasjes as de Fryske Akademy, Tresoar, Omrop Fryslân en Afûk in wichtige taak, wêr’t de oerheid bliuwend stipe oan jaan moat. Mei namme it noed hawwen foar it Frysk as part fan it Frysk erfguod bringt mei har mei dat ek de lânlike oerheid hjir in kearntaak te ferfoljen hat.
Fryske literatuer
De Fryske literatuer fertsjinnet yn de kommene beliedsperioade ek stipe fan de provinsje. It skreaune Frysk is tige ôfhinklik fan literatuer. Yn it Nederlânsk besteane tal fan skreaune teksten sa as boeken, tydskriften, gebrûksoanwizings. Yn it Frysk fine jo sokke teksten amper. Dat makket it belang fan Fryske literatuer nammerste grutter. In taal kin yn in heechûntwikkele maatskippij pas duorsum bestean wannear’t der yn lêzen en skreaun wurdt. Foar skreaune teksten binne auteurs en oersetters nedich, mei boeken en bondels dy’t it publyk oansprekke. De ChristenUnie realisearret har dat it útjaan yn it Frysk op ‘t stuit in aktiviteit is foar idealisten. Der moat meast jild op talein wurde. Dat betsjut dat dit
gjin sûne basis is foar de takomst. Dêrom fertsjinnet de marketing fan Frysktalige boeken foar bern, jong folwoeksenen en oare lêzers in ekstra ympuls.
- It Frysk bliuwt as taal in ferplicht ûnderdiel – leafst yntegraal mei pasjende kwalifikaasje struktuer – fan it basisûnderwiis
- Ek foar de middelbere skoallen en it middelbere berops ûnderwiis wurdt it Frysk op in yntegrale wize oanbean en de learlingen yn ‘e kunde brocht mei de Fryske kultuer
- Foar Frysk as eksamenfak wurdt fierder wurke oan in sa yntegraal mooglike kwalifikaasje struktuer
- De provinsje ferfollet yn it iepenbier ferkear in sadanige rol dat ek it bedriuwslibben har net skammet om it Frysk te brûken
- Realisearjen fan in folweardige learstoel Fryske taal en kultuer op de Ryksuniversiteit Grins
- Lykberjochtiging fan it Frysk as twadde taal yn de rjochtspraak
- Frysk is ek erfguod; stipe fan ryk en provinsje bliuwt nedich om ynstellings as de Fryske Akademy, Tresoar, Omrop Fryslân en Afûk yn stân te hâlden.
- Aktive ynset fan de provinsje by it ûntwikkeljen en honorearjen fan plannen om it lêzen yn it Frysk te stimulearjen