Algemene Beschouwingen 2005

donderdag 17 juni 2004 22:43

Yntegriteit yn doelmjittigens - ALGEMIENE SKOGINGS 2005
fan de ChristenUnie/SGP-Steatefraksje yn de Provinsje Fryslân

Algemien

Bestjoer en feiligens

Ferkear en ferfier

Wetter

Miljeu

Lanlik gebiet

Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme

Sosjaal belied en Soarch

Kultuer, Taal en Underwiis

Romte

Finansjeel kader








Foaropwurd

Foar ús leit de nije Kadernota Begrutting 2005. Us kompliminten, ek foar de beandering fan alle skriftlike fragen, mar fansels binne we der noch net. Wurkjendewei sille wy as Steaten en Kolleezje skaven bliuwen moatte oan sawol foarmjouwing as ynhâld. Meielkoar ha wy de opdracht om op doelmjittige wize de oan ús tabetroude algemiene middels te besteegjen. Mar dat betsjut neffens ús fansels net dat elk middel it doel hilliget. As ChristenUnie/SGP-Steatefraksje wolle wy op yntegere wize ús doelen foar alle boargers en de hiele Fryske mienskip mei syn lân, loft en wetter berikke. Ynteger, om’t neat minskliks ek in oerheid frjemd is. Wy bepleitsje dêrom in iepen, earlike en respektfolle omgong mei eltsenien. Doelmjittich om’t wy mei ferantwurlik binne foar in doelmjittige besteging fan de provinsjale middels. It is mei oaren ús ferantwurdlikens as folksfertsjintwurdigers, om yn it ramt fan in nij opset planning en kontrol proses, de beliedskaders te stellen en oan de hân fan de útkomsten nei kontrole ek wer by te stellen. Wy sizze dêrby op’en nij: ûnder Gods seine, begrinzige troch goed lústerjen nei Syn geboaden, hat it provinsjale belied yn Fryslân in goede kâns fan slagjen. Want ek no noch giet it om it hâlden fan de wet, gerjochtichheid en rjocht dwaan oan eltsenien en benammen opkomme foar de swakken yn ‘e mienskip.

Alle leden fan it Kolleezje en provinsjale meiwurkers dy’t besykje op yntegere wize mei te tinken en te helpen om de yn de foarlizzende Kadernota Begrutting 2005 troch de Steaten stelde doelen en te berikken risseltaten yn doelmjittich, SMART-formulearre belied om te setten, wolle wy betankje. It is ommers mei sizzen net te dwaan!

JIERFERSLACH 2003

0.1 Algemien

It Jierferslach 2003 fine wy oer it generaal oersichtlik en helder. Us kompliminten foar dizze earste opset nije styl.
# It falt ús op dat it byld by de programma’s 1 en 2 wat minder dúdlik oanjûn is as by de oare programma’s. Graach in taljochting fan DS!

It falt yn it Jierferslach 2003 ek op dat der yn ferhâlding mar in lyts tal paragrafen (1.50, 8.11, 8.30, 8.32, 8.33, 8.34, 8.41) yn it Frysk steld is en de rest yn it Hollânsk.
# De fraach leit dan foar de hân oft it Kolleezje it mei ús iens is dat it stelde doel om 25% fan de bestjoerstikken yn it Frysk te skriuwen, foar it Jierferslach yn elk gefal noch fierôf is.
Graach in réaksje fan DS!

# Ien fan de grutte oarsaken fan oprinnende finansieringsproblemen is de tanimmende besunigingsdrift by it Ryk, benammen op it mêd fan Ferkear en ferfier, Natuer, Lân- en túnbou en Lânynrjochting. Wy wiene en binne fan betinken dat de Provinsje net alle stekken dy’t it Ryk falle lit, oppakke moat en kin. Wy wolle foar dit strukturele probleem graach in strukturele en konsistinte provinsjale beliedsoanpak yn IPO-ferbân en as dat net mooglik is yn SNN-ferbân. Graach in réaksje.

0.2 (1.30) Bestjoerlike organisaasje
Under dit punt lêze wy allinne mar dat in pear projekten ôfrûne is.
# Is dat net wat meagertsjes? Der sil dochs wol wat mear yn de bestjoerlike organisaasje dien wêze? Graach (no en tenei) wat mear ynsjoch op dit punt.
0.2 (1.40) Finansjeel tafersjoch gemeenten
By dit punt wurdt oanjûn dat gemeenten muoite hawwe om har finansjele plaatsje slútend te krijen. Yn de Kadernota wurdt dit punt net neamd.
# Wy binne lykwols fan betinken dat it goed is dat DS wach bliuwt op de finansjele posysje fan gemeenten en dat dit ek in aksjepunt yn de Kadernota wêze moatte soe. Hoe sjocht it Kolleezje hjir tsjinoan?

0.2 (2.00) Iepenbiere oarder en feiligens
Wy fine it yn dizze ûnwisse tiid mei tanommen oanslachrisiko’s foar de foarbyldfunksje fan de Provinsje foar de gemeenten oer, gjin goeie saak dat in wol foarsjoene bestjoerlike rampenoefening net plakfûn hat.
# Fierder wize wy der op dat der by de iepenbiere besprekkings fan de ATF-brân yn 2003 dúdlike ôfspraken makke binne, dêroer wurdt neat sein yn it Jierferslach. Graach in réaksje!

0.3 Wetter
Ut it Jierferslach blykt ús dat yn 2003 sa’n 115 kilometer oan oevers en kaden yn Fryslân ferbettere is. Sjoen de foargeande jierren 2000, 2001 en 2002, wêryn respektivelik 17, 24 en 84 kilometer útfierd is, is dat in goeie ûntjouwing.
Yn 2003 hat de Provinsje al ynstimd mei de kar fan Rykswettersteat foar in nij spuimiddel oan de Fryske side fan de Ofslútdyk.
# Is in spuimiddellokaasje by Lauwerseach ek meinommen yn de ôfwaging?
# De mooglikheid om oan de bou fan in gemaal ek de bou fan in nije slús yn Harns te keppeljen, soe yn dizze stúdzje ek meinommen wurde. Binne alle risseltaten fan dizze stúdzje al bekend?

KADERNOTA BEGRUTTING 2005

1. Bestjoer en feiligens

1.1 Bestjoer
Wy fine it symptomatysk foar it hjoeddeiske kabinetsbelied dat it oerhedenoerlis oant no ta noch net goed fan ‘e grûn kommen is. Symptomatysk om’t de provinsje wol hieltiten mear taken fan it ryk taskood kriget, mar net genôch jild. Sterker noch it ryk wol in kilometerheffing ynfiere en de provinsje de sizzenskip oer de opsinten motorrydtúchbelesting ûntnimme. Oan ‘e oare kant is it sa dat mear provinsjaal foech net liede moat ta mear burokrasy en lesteferswiering foar de boarger. Dat is ommers ek net yn oerienstimming mei it stribjen nei mear deregulearring.
# It Kolleezje wol no wol mear romte yn ‘e provinsje oan ‘e auto jaan, mar tagelyk de autobestjoerder oanpakke troch in rynske ferheging fan de provinsjale opsinten. Want no is der noch in ynhelslach te meitsjen tinkt de deputearre finânsjes lûdop en dy moat de provinsje net foarbygean litte. Wy binne it mei dy redenaasje perfoarst net iens en sjogge dit as ûnrjocht oan al dy boargers dy’t aanst wer mei in nije lesteferswiering oantangele binne. Sa komme wer mear âlderein mei in lyts pensjoen, benammen op it plattelân, dy’t no noch krekt har autootsje op ‘e dyk hâlde kinne, oan ‘e krapperein en dêr wolle wy net sûnder mear oan meiwurkje. It sosjale gesicht fan de provinsje wurdt sa bleker en dat wie dochs net de bedoeling fan it Sosjaal Rapport Fryslân 2004? De fraach dy’t dan foarleit is dan: is dit nedich en kin it ek oars? Wy komme hjir yn it ferfolch (02.1) noch op werom.

As ChristenUnie/SGP-Steatefraksje Fryslân dogge wy in oprop oan ús kollega’s fan de Steaten en oan it Kolleezje om mei elkoar te besykjen ynteger te wêzen en op in iepen, respektfolle wize mei elkoar om te gean. De lêste tiid hat it dêr wol oan en sûnder no op allegearre ynsidinten yn te gean, wolle wy dochs sa wer besykje by te dragen oan de kwaliteit fan de demokrasy en de belutsenens fan ús boargers, sa’t ommers ek dúdlik oanjûn is yn Aksjepunt 1.1 (s. 13).

Om de kwaliteit fan de beslútfoarming te ferbetterjen bepleitsje wy om de foarsitters fan de beide kommisjes mear te belûken by it fêststellen fan de wurklisten fan de kommisjes.
# Wy slagge foar om de beide kommisjefoarsitters út te noegjen by de gearkomsten fan it Presidium, as de wurklisten fan de kommisjegearkomsten op de wurklist fan it Presidum steane. Graach jimme réaksje!

Yn it ramt fan de Europeeske ferkiezings soe tenei wol wat mear sein wurde kinne oer Europa. Bygelyks dat Europa mear each hat foar regionale ûntjouwings as De Haach, dat ommers feitlik de nasjonale prioriteiten allinne mar by de Rânestêd leit. Wy binne foar in sterke provinsjale en Noardelike lobby yn Brussel en stypje it Kolleezje yn dat krewearjen.

Us fraksje wol graach de finger by de pols hâlde as it om Kompas-projekten giet dêr’t ek it SNN by belutsen is. Benammen is dit wichtich as it om advizen giet nei oanlieding fan subsydzjefersiken. It kin net sa wêze dat it SNN (of oare oerlis-platfoarms) in fjirde bestjoerslaach wurde, ek al ha wy oant no ta goeie ûnderfiningen mei it SNN-buro, is der in Noardelike rekkenkeamer ynsteld en fynt de formele beslútfoarming plak yn de Steaten.
# Wy freegje ús lykwols ôf oft de Steateleden fan de Noardelike provinsjes wol genôch tiid hawwe, om har kontrôletaak op de SNN foldwaande wiermeitsje te kinnen en freegje ek de oare partijen om in réaksje.

Yn in koartlyn ferskynd rapport fan de Anne Frank Stichting wurdt de needklok lieden oer it tanommen rasisme en mear yn it bysûnder it antisemitisme. Wy wolle de Steaten oproppe om jierliks 27 jannewaris út te roppen ta ‘Dei tsjin it antisemitisme’. Wy kieze just foar dizze datum om’t dy gearfalt mei de ynternasjonale betinking fan de holocaust. Us fraksje makket him grutte soargen oer it tanimmend tal antisemityske úterings yn de mienskip en bepleitet dat de Steaten harren hjir krêftich tsjin te war sette.
# Wy wolle graach fan jimme witte hoe’t jim hjir oer tinke en oerwaagje mei in moasje te kommen.

1.2. Feiligens
Feiligens foar ús boargers oer alle boegen hat foar ús fraksje in hege prioriteit yn dizze tiid fan tanimmende ynternasjonale ynstabiliteit en sels al in tal bommeldings yn Ljouwert.
De Provinsje mei de gemeenten graach en terjocht wize op har ferantwurdlikens foar it op oarder meitsjen fan har rampeplannen.
# Is it draaiboek fan de Provinsje by in ûnferhoopte bommelding goed yn oarder, mar mear noch: is hjir alris goed mei oefene?

2. Ferkear en ferfier

By te berikken Doel (s. 18) falt op (sis mar ôf) dat de ferkearsfeiligens net neamd wurdt. Dit is frjemd, sjoen de ynset foar it projekt Fryske diken. Us fraksje hat op it punt feiligens altiten al oantrune.
# Wy sjogge dêrom graach dat it fergrutsjen fan de ferkearsfeiligens noch tafoege wurdt oan de doelen. Kin it Kolleezje dit tasizze?

2.1. Iepenbier ferfier
Sa’t wy ein foarich jier al seinen, jout ús fraksje de foarkar oan ynvestearrings yn fluggere busferbiningen en/of ferbettering fan besteande spoarverbinings. Ynsté fan reservearring foar in takomstdream mei te min maatskiplik draachflak, wolle wy de dêrfoar reservearre 200 miljoen provinsjale euro’s, oanfolle mei in substansjele bydrage fan ûndernimmers en gemeentebestjoeren, bygelyks leaver ynsette foar it sa folle mooglik op nivo hâlden fan it iepenbier ferfier yn Fryslân. Ynvestearje yn iepenbier ferfier is ynvestearje yn de takomst, al skynt it Ryk dêr wat oars mei omgean te wollen. Fryslân is in plattelânsprovinsje. En benammen foar it plattelân is it wichtich dat ynfieren fan it CVV ta stân komt. De yntegraasje fan besteande ferfiersfoarmen as WVG-, sike- en learlingeferfier ta ien fleksibel ferfierssysteem hat ús grutte belangstelling.
Al earder ha wy ús ek posityf útsprutsen oer lightrail yn Fryslân en wy binne bliid dat oare partijen dat no ek dien ha. Soks biedt perspektyf foar de takomst!

Yn Súd-Hollân rint in projekt ‘gratis’ iepenbier ferfier. De PvdA wol mear eksperimintearje mei ‘gratis’ iepenbier ferfier yn grutte stêdden. De proeven mei ‘gratis’ iepenbier yn België binne oant no ta tige slagge.
# Wat dogge oaren goed, wat ús noch net skynt te slagjen, alteast wy binne net troch it Kolleezje op de hichte steld fan de risseltaten fan de proef tusken Stiens en Ljouwert, of komt dat noch?
# Yn dat ferbân soene wy graach ek sjen, dat it Kolleezje al dizze eksperiminten ris op in rychje set en dêrby de finansiering út de kollektive middels meinimme wol, mei it each op mooglike helberens yn dizze provinsje. ‘Gratis’ iepenbier ferfier is ommers net allinne goed foar skoallejeugd en oare forinzen, mar ek foar âlderen, dy’t ommers dan makliker fan de auto oerstappe kinne op de bus. Yn sa’n oersjoch soene wy útdruklik sjen wolle dat de effekten fan in keppeling oan in eventuele ferheging fan de opsinten ek meinommen wurde. Graach in réaksje!

3. Wetter

De ynfiering fan de Europeeske Kaderrjochtline Wetter jout ús soarch. Dit ha wy al earder yn skriftlike fragen oan it Kolleezje dúdlik makke.
# Us fraksje wol graach op de hichte bliuwe fan de stân fan saken by it opstellen fan it streamgebietsbehearsplan. Kin it Kolleezje dit tasizze?

4. Miljeu

Oant no ta hat ús fraksje it miljeubarren yn dizze provinsje aardich kritysk folge. It moat sein wurde dat de oanpak fan de ferantwurdlik deputearre ús oansprekt, ek al is ús fertrekpunt wat oars. Foar ús is de opdracht de ierde as rintmasters te behearjen in bibelske opdracht. It lykwicht dat socht wurdt tusken de soarch foar it miljeu oan ‘e iene kant en it fuortbestean fan sosjale en ekonomyske belangen oan ‘e oare kant, hat dêr neffens ús alles mei te krijen. De útdaging hjirin yn goeie balâns te finen, geane wy dêrom graach tegearre mei jimme oan.
We konstatearje dat der nochal wat belied yn tarieding is. By de behanneling fan de konkrete útstellen yn de Steaten sille wy hjir graach op werom komme.

5. Lanlik gebiet

By de behanneling fan de Nota Plattelânsbelied hat it Kolleezje tasein dat der in evaluaasje komt fan Te Plak. (siden 36,60 en 64) Wy hawwe dy evaluaasje noch net sjoen en yn de Kadernota wurdt dêr neat oer sein, mar wurdt der wol € 5,6 miljoen frijmakke foar de útfiering fan projekten yn 2005-2008.
# Dêrom fine wy it wichtich om sa gau mooglik te beskikken oer in goed evaluaasjerapport fan de Te Plak projekten. Graach in réaksje!

5.1. Lânbou

Under de behanneling fan de nota Provinsjaal Lânbou-Ekonomysk belied ha wy útienset wat neffens ús útgongspunt fan belied wêze moatte soe. Op inisjatyf fan GrienLinks is doe in moasje yntsjinne en oannommen om in prinsipjele diskusje te fieren oer te meitsjen keuzes. Graach wolle wy yn dy kommende diskusje in yntegrale fisy jaan op de lânbou, sa mooglik yn de foarm fan in nota.

# Ferline jier wie ien fan de aksjepunten: it realisearjen fan in fluggere groei fan biologyske lânbou. Graach hiene wy dit punt, krekt as ferline jier, neamd ha wollen yn de Kadernota.
Wy freegje dêrom it Kolleezje earst om in réaksje!

5.2. Fiskerij

Ut in passaazje op s. 40/41 blykt dat de ynset foar de fiskerij benammen stal kriget yn de foarm fan stimulearjen fan ferbreedzjen en ynnovaasje fan aktiviteiten fan beropsfiskers. Koartsein, as it kweken (akwakultuer) mooglikheden jout dan kin de fiskerij op termyn wol opdoekt wurde, alteast de fiskers wurde op in oar spoar set. As wy prate oer ynnovaasje dan tinke wy mear oan eksperiminten (saaie en rispje) op it Waad as oan it sykjen nei alternative kweekmooglikheden.
De suggestje fan it Kolleezje om skippen multifunksjoneel te meitsjen foar de moksel-/kokkel- en garnalefiskerij liket ús mei it each op de hege ynvestearrings gjin helbere kaart ta foar de beropsfiskers, dy’t al aardich yn swier waar lizze.
# Dêrnjonken freegje wy ús ôf hoe by it ferbieden fan dizze fiskerij it optsjen fan de Japânske oester tsjinhâlden wurde moatte soe. As der ommers net mear fiske wurde mei, dan kin dizze soart him ûnbedimme fermannichfâldigje. De skulpdierfiskerij kin neffens ús in poerbêste bydrage leverje op it mêd fan de behearsfiskerij. Wy binne benijd nei de miening fan de oare fraksjes op dit punt.
# Wy fine ynterprovinsjale kontakten (ISMIJ en IBW2) mei oare fiskerijprovinsjes tige wichtich, mei it each op de belangen fan de Fryske Wadden- en Isselmarfiskers, dy’t no te min morele stipe krije. Dat komt spitigernôch yn de Kadernota net goed ta útering. Graach in réaksje fan it Kolleezje!

6. Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme

# Wy hawwe mei in al jierren positive grûnhâlding kundskip nommen fan de “Koepelnotitie Bevaarbaar maken noordelijk Elfstedentraject”. Wy binne benijd nei it ferfolch en freegje by dizze gelegenheid al fêst om in earste réaksje fan it Kolleezje en de oare partijen op it útstel om dit projekt (frege provinsjale bydrage € 3 miljoen) eventueel te keppeljen oan it FMP!

# Op 6 juny 2001 is in ûndersyk publisearre nei de ûntjouwing fan in grinsoerskriedend toerfaartnetwurk yn Noard-Nederlân en Noard-Dútslân. It inisjatyf lei by de Noardelike provinsjes en Dútske Landkreisen Aurich, Emsland en Leer, mei kofinansiering fan Interreg en de EG. Wy binne benijd nei it ferfolch en freegje it Kolleezje om in réaksje!

# Wy fine it fan grut belang dat it krewearjen foar Harns as Seehaven trochgiet, ek al hawwe de amtners en de minister fan EZ it each benammen op de grutte havens rjochte. De Keamerfraksjes moatte harren hjiroer noch útsprekke en wy roppe de provinsjale fraksjes Steatebreed op om dit Fryske belang by har partijgenoaten yn De Haach te bepleitsjen. Yn de okkerdeis oan it Kolleezje stelde skriftlike fragen fan it CDA oer de Westergozône wurdt ek dizze soarch oer de romtelik-ekonomyske konsekwinsjes foar it gebiet, troch de Rânestedske ynstek fan it Ryk yn de Nota Romte ta útering brocht. Wy soene eins no al fan it Kolleezje fernimme wolle hoe’t ja har eigen rol hjiryn (foar it ferfolch) sjogge!

Yn prinsipe steane wy posityf foar eksperiminten oer mei de Prohef-filosofy fan Van Elswijk. Allinne hat oant no ta bliken dien dat it ministearje fan SZW hjir noch net yn meigiet.
# Hoe grut achtet it Kolleezje de kâns dat oan de stelde betingsten foldien wurdt troch meidwaan fan oare partijen, dy’t middels ynsette kinne foar kompensaasje fan sosjale útkearings?

Us fraksje fynt ynnovaasje in tige wichtich aspekt, ek al blykt de meiwurking fan oerheden net altiten even grut te wêzen. Faaks hat dat te krijen mei it feit dat 75% fan de ynnovaasjes op neat útrint. As wy prate oer ynnovaasje en kennisekonomy, dan sille wy lykwols renomearre ynstellings op dat mêd wol alle romte jaan moatte om harren goed ûntjaan te kinnen. Us fraksje bepleitet dêrom mear omtinken foar ynnovative ûntjouwings.
# Hoe komt it bygelyks mei it Cartesius-ynstitút, no’t de gemeenteried fan Frjentsjeradiel fan doel is it stedsmuseum ûnder te bringen yn it Martenahûs, al is dat ek noch lang net wis.
It kin net sa wêze dat dizze ynternasjonaal ferneamde universitêre festiging de dupe wurdt fan gemeentlike besunigingstwang. Wy wolle graach dat de Provinsje dit goed yn ‘e gaten hâldt. Wat is de sjenswize fan it Kolleezje?
Benammen no Europa foarsk útwreidet, sil Nederlân it mear hawwe moatte fan nije ûntjouwings op it mêd fan enerzjy, transport, yndustry en miljeu. Dy sektoaren biede in goed perspektyf. Sa wurdt in Nederlânske útfining op it mêd fan enerzjybesparjende techniken foar filtraasje fan ôffalwetter hjoeddedei tapast yn Poalen, in lân dêr’t de kommende jierren hûnderten miljoenen euro’s Europeesk jild yn de behanneling fan ôffalwetter ynvestearre wurdt.
# Provinsjaal, mar ek yn SNN- en NHI-ferbân, sil ynnovaasje (fernijende produkten, techniken en prosessen) heech op de wurklist komme moatte, fine wy. Meie wy der fanút gean dat dit ek foar oare partijen jildt?

Wy binne tige benijd nei de Nota Enerzjy dy’t kommendeweis is. Wy gean der fanút dat de risseltaten fan it okkerdeis yn Bonn fêststelde ynternasjonale aksjeprogramma om enerzjy út wetterkrêft, biomassa, sinne en wyn te stimulearjen, yn de provinsjale Enerzjynota meinommen wurde.
# Wy wolle yn dit ferbân ek wize op in proefprojekt fan Grins en Drinte, der’t mei alle soarten lytsskealige wynmoles eksperimintearre wurdt. Mooglik kin dit in alternatyf biede foar gemeenten, om’t dizze lytse modellen net falle ûnder de regeljouwing fan Wynstreek. Graach in réaksje fan it Kolleezje!

# Wy fine it in goede saak dat troch de Provinsje finansjeel ynspile wurdt op de needsaak om bedriuwsterreinen te refitalisearjen. En dan tinke wy dêrby fansels ek oan it IBF. Wy hawwe fan it Kolleezje op ús fraach dêroer antwurd krigen dat it IBF-dossier op 6 july oan de Steaten oanbean wurde sil. Dat is spitigernôch wat let foar dizze Algemiene skôgings. Mar fansels is it Kolleezje no al wol bysteat om in yndikaasje te jaan hokker kant it útgean sil mei it IBF?

7. Sosjaal belied en Soarch

7.1. Sosjaal Belied en Soarch
Foar de yntegraliteit en it ferienfâldigjen en deregulearjen fan it sosjaal belied fine wy it in stap foarút dat aktiviteiten út de ferskate regiofisy’s fuortoan finansiere wurde sille út it Sosjaal Ynvestearringsfûns. Der leit no in earste Sosjaal Rapport Fryslân 2004 en gebietsrjochte binne der seis sosjale debatjûnen yn de Provinsje hâlden, it Slotdebat fynt op 25 juny plak yn Ljouwert. Wy binne tige benijd nei de evaluaasje fan dizze debatjûnen.

7.2. Jeugdsoarch
Op 1 jannewaris 2005 sil de wet op de Jeugdsoarch yn wurking trede. De wet regelt ien tagong fia de Buro’s Jeugdsoarch. Dat jildt ek foar de jeugdbeskerming. Wy wolle yn dit ramt omtinken freegje foar de identiteitsbûne jeugdsoarch. Wy hawwe de yndruk dat dit troch it nij ynsette belied wolris yn ‘e knipe komme kin, om’t wy hjiroer sinjalen út it fjild krigen ha. Yn it ramt fan de wet wurdt der lykwols romte bean oan de Buro’s Jeugdsoarch foar it meitsjen fan binende ôfspraken mei identiteitsorganisaasjes as de AJL fan it Leger des Heils en de William Schrikker Groep, oer de ferdieling fan ferantwurdlikheden. As wy bygelyks sjogge dat der fan it Ryk twa doelútkearings ûntfangen wurde, ien foar de útjeften foar it buro jeugdsoarch en ien foar de oare aktiviteiten op it mêd fan de jeugdsoarch, dan lizze hjir neffens ús wol mooglikheden.
# Wol de Provinsje der ek oan meiwurkje om de problemen yn byld te krijen en hjir oplossings foar te finen yn it ramt fan ien fan beide doelútkearings? Identiteit is ommers foar in grut tal Friezen noch altiten in belangrike faktor om dêr ek beliedsmjittich rekken mei te hâlden. Wy binne benijd nei de réaksje fan sawol de oare fraksjes as it Kolleezje.

# Hoe komt it no mei de stipepunten foar 0-25 jier yn ús provinsje? Fan elke gemeente wurdt in bydrage frege om mienskiplik mei de provinsje sa’n foarsjenning te realisearjen.
Om’t in protte gemeenten no in legere útkearing út it Gemeentefûns krije en dêrom besúnigje moatte, sille folle gemeenten gjin hasten meitsje mei realisaasje fan sa’n stipepunt. Wat betsjut soks foar it provinsjale tafersjoch?

7.3. Aldereinbelied
Wy hawwe der earder al op wiisd dat de groeiende groep âlderen yn tanimmende mjitte oan de krapperein komt. Njonken de ferfiersproblemen sil no ek it selstannich wenjen nei alle gedachten djoerder wurde, mei troch de oankundige hierferhegings fan dit Kabinet, de tanimmende enerzjylesten en de hegere kosten fan de deistige boadskippen, wylst de kwaliteit fan de âlderensoarch minder wurdt. Wy soene graach sjen dat de provinsje ferlykbere inisjativen as Te Plak in lykweardige kâns jout, sadat alle âlderen yn dizze provinsje dy’t hjrfoar yn oanmerking komme berikt wurde kinne. Sjoch ek ûnder 05 en 09.

7.4. Fermaatskiplikjen fan de soarch
De ChristenUnie/SGP hat him altiten útsprutsen foar in goed ûnderdak en takomstperspektyf foar minsken dy’t yntinsive soarch brek binne – njonken âlderen, binne dat ek gehandikapten en GGZ-kliïnten.
# Wy wolle hjirby ek better yn kaart hawwe hoe grut it tal persoanen is dat ek yn dizze provinsje bûten de reguliere soarchtrajekten om harren besiket te hanthavenjen, faak op of oer de râne fan it kriminele sirkuit. En dan tinke we oan soarchmijders, ferslaafden en illegalen. Wy bepleitsje mear provinsjale rezjy om yn oparbeidzjen mei gemeenten en soarchynstellings dizze persoanen better berikke te kinnen.

8. Kultuer, Taal en Underwiis

8.1. Underwiisachterstânsbelied
Wy fiele de noed foar in goed ûnderwiisachterstânsbelied yn dizze provinsje, ek al is it provinsjale foech op it mêd fan ûnderwiis net grut. Wy geane der fanút dat de befinings fan de troch de Steaten yn 2004 ynstelde wurkgroep troch it Kolleezje yn de Beliedsnota Underwiis meinommen wurde sille. Mei elkoar en net tsjin elkoar is ús biedwurd.

# Wy binne benijd nei de saneamde suksessen fan it ûnderwiis Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis, om’t wy yn it ûnderwiisfjild ek oare lûden hearre.

8.2. Universiteit fan Fryslân
# Wy binne benijd nei de stân fan saken op dit stuit fan it krewearjen fan de Fryske Akademy foar in ynternasjonale Universiteit yn Fryslân, sa’t ek dellein is yn it Bestjoersakkoart 2003-2007. Fansels leit hjirby ek de fraach foar nei de finansjele posysje fan de Fryske Akademy op dit stuit en op langere termyn. It CDA hat hjir ek nei frege. Kin it Kolleezje al in ynskatting meitsje hoe’t de flagge der foar de FA by hinget, sjoen de foar Fryslân wichtige projekten (Universiteit, Ensyklopedy, Underwiisûndersyk) dêr’t de Fryske Akademy by belutsen is?

8.3. Nota Erfskip
Wy kinne op haadlinen ynstimme mei de yn de Nota Erfskip delleine beliedsfoarnimmens.
Fryslân is in unike provinsje mei in unike regionale identiteit, dy’t syn materiéle delslach fûn hat yn in unyk kultuerhistoarysk erfskip. Tink marris oan al dy âlde Fryske tsjerken, moles, boerepleatsen, states en stinzen, diken, tsjerkepaden, terpdoarpkes en alve stêdden.
Wy stean achter it ynsette belied om yn goed oparbeidzjen mei alle belutsen partijen de kultuerhistoaryske en lânskiplike wearden yn ús provinsje in folweardich en werkenber plak te jaan yn de romtelike plan- en beslútfoarming. In prachtich beliedsynstrumint dêrta is de CHK (Cultuur Historische Kaart). De CHK sil dêrom net allinne fierder ûntwikkele en útboud wurde moatte, mar ek mear bekendheid ha moatte by in breder publyk, net allinne by de âlderein mar benammen ek by ús jeugd.
# Wy slagge dêrom foar: Keppelje in maklik tagonklik program erfskipedukaasje fêst oan de CHK en stel dit programma, yn it ramt fan it nije fak erfskipedukaasje, beskikber oan de skoallen foar basis-, fuortset en heger ûnderwiis.
Sa’n ynvestearring fine wy ferantwurde foar de neiteam dy’t graach ek wat witte wol fan Fryslâns’s ferline. Wy wolle graach de réaksjes fan de oare fraksjes en it Kolleezje fernimme.

Om’t der in tekoart is oan goeie fakminsken yn de restauraasjebrânsje, fine wy it Frysk-Grinzer ROP (Restauratie Opleidings Project) in prima bydrage oan de noardelike wurkgelegenheid. Boppedat moatte sawol de edukative as de ekonomyske fertuten fan in goed opset kultuertoeristysk promoasjebelied net ûnderskat wurde. Wat jo sjogge dat ûnthâlde jo en de hjoeddeiske multimediale techniken steane eltsenien ta beskikking. Benammen ús jeugd kin dêrmei berikt wurde en ek senioaren oant en mei hûndert jier kinne faak mear as men tinkt, witte we no allegearre. Us kultureel erfskip is fan belang foar jong en âld en dat begjint faak op eigen hiem, yn eigen doarp, stêd en gebiet. Dêryn is ommers it materiële aspekt fan ús kultuerhistoaryske identiteit sichtber makke, sadat we net ferjitte...
# Hoe hat Fryslân syn erfskip yn de histoarje ferdigene? Want erfskip betsjut betinken!
Yn oparbeidzjen mei GrienLinks noeget de ChristenUnie/SGP oare ús fraksjes út om oan dit punt foar it kommende jier wat mear omtinken te jaan en freegje jimme réaksje!

9. Romte

By de doelen foar dit programma wurdt mei klam wenjen neamd. It giet om de oantallen, de lokaasjes en de kwaliteiten fan de Fryske wenfoarried, sa stiet it yn de Kadernota. Dit is in nommel stribjen, mar de praktyk is oars.
# Benammen de gemeente Ljouwert bout jierliks te min wenten. Wy wolle fan it Kolleezje witte hoe’t jimme tinke dit probleem oan te pakken. Wy kinne ús yntinke dat oare gemeenten wol boukontinginten fan Ljouwert oernimme wol. Wannear giet it Kolleezje hjir ris goed nei sjen en wat is de sjenswize fan it Kolleezje op dit punt?
# Wy wolle graach dat der ek mear betelbere hierwenten foar âlderen boud wurde kinne. Hoe stiet it hjirmei yn dizze provinsje en wannear kinne de doelen helle wurde?
# De Plattelânsprojekten einigje formeel op 1 april 2007. Dêrnei wurdt besjoen oft der op ‘en nij finansjele middels beskikber komme. Us fraksje stiet posityf foar dit punt oer. Mar wy misse yn de stikken oant no ta in dúdlik evaluaasjemomint. Wy freegje it Kolleezje om goed oan te jaan hoe en wannear dizze projekten evaluearre wurde sille!

10. Finânsjeel kader

Op de lêste B&M-gearkomste hat ús fraksje dúdlik oanjûn te kiezen foar in praktyske ynstek, om it mearjierrentekoart te dekken, basearre op konkrete útstellen. Ferheging fan de opsinten hat foar ús gjin prioriteit, “tenzij...” foldien wurdt oan ús betingst: eventuele ferheging te keppeljen oan in kwaliteitsferheging fan it iepenbier ferfier (s. 02.1) en ferbettering fan de feiligens fan it ferkear en de wegenynfrastruktuer. Wy wachtsje dêrom earst de begruttingsútstellen ôf.

Op s. 94 seit it Kolleezje oer de ferkeap fan de Nuon-oandielen: “Het uiteindelijke effect van deze verkoop in samenhang met onze bijdrage aan de Zuiderzeelijn valt nu nog niet aan te geven. Al met al zijn wij van oordeel dat aan deze doorkijk slechts een informatieve waarde moet worden toegekend.” Dêrom binne wy ek fan betinken dat jo op sa’n wiffe finansieringsbasis gjin sûne dekking foar sa’n megaprojekt oanjaan kinne. Dat hat de tiid ús sa njonkelytsen wol leard mei de Nuon-dividinden. De ûnwissens op dit punt is grut, mar wy kinne no noch werom.
Yn alle fraksjes groeit de wjerstân. Op foarhân nimme de miljardentekoarten al ta!
Doelmjittich of jild fergrieme?... Wy dogge in berop op it sûne ferstân fan dizze Steaten om it beslút fan de foarige Steaten werom te draaien. Better let as net!

# Yn antwurd op ús fragen oer dizze problematyk, hat it Kolleezje tasein hjirop wiidweidich werom te kommen yn in Steateútstel oer de nije Bestjoersoerienkomst Suderseeline, dat meikoarten (“binnenkort”) oan de Steaten foarlein wurde sil. Wy stelle it op priis dat it Kolleezje dit “binnenkort” wat SMART-er oanjout en fêst no al ien of mear tinkrjochtings oanjout, mei om it debat hjiroer op 21 juny wat libbendich te hâlden! Binne de kollega’s dat ek mei ús iens?

« Terug

Archief > 2004

Geen berichten gevonden