Ambtsgebed

woensdag 20 december 2000 13:51

Aan Provinciale Staten wordt gevraagd om 20 december 2000 te besluiten, met ingang van de eerstvolgende Statenvergadering in het nieuwe jaar 2001 de vergaderingen te beginnen en te eindigen met een gezamenlijke bede c.q. bezinning van enkele minuten op de besluitvorming.

INITIATIEFVOORSTEL AMBTSGEBED/BEZINNINGSMOMENT Statenvergadering 20-12-00
Aanleiding voor het voorstel
Directe aanleiding van dit initiatiefvoorstel is een debat van zes Statenleden op Hervormingsdag 31 oktober 2000, onder auspiciën van het FD gehouden in Leeuwarden en gepubliceerd in FD-Sneinspetiele van 4 november 2000, in de artikelenreeks 'Burgerschap en Geloof'. Daarin werd als eerste vraag gerefereerd aan het ambtsgebed, zoals dat nog in een aantal Friese gemeenteraden, aan begin en einde van de raadsvergaderingen door de voorzitter wordt uitgesproken. Waarom Provinciale Staten niet?
Inhoud
De ondertekenaars zijn van mening dat het een goede zaak is een bestuurlijke vergadering van een overheidsorgaan, in dit geval van Provinciale Staten van Fryslân, te beginnen met gebed of proclamatie c.q. enkele minuten van bezinning.

Hoewel een overheidsorgaan zelf niet kan bidden of zich bezinnen op de besluitvorming, kunnen de wettig gekozen en benoemde leden van dat orgaan dat gelukkig wel.

Voor de gelovige Statenleden zal Gods leiding en zegen over de besluitvorming worden gevraagd, anderen zullen zich inhoudelijk op andere wijze willen bezinnen.

De gezamenlijk gedeelde bezinning betekent in elk geval een goede toepassing van het gezegde: Bezint eer gij begint. Daarvan is de meerwaarde dat niet alleen in fractieverband, maar juist ook in verbondenheid met het gezamenlijke Provinciale Bestuur, ongeacht politieke kleur, bezinning plaatsvindt op het welzijn van alle Friese burgers en het algemeen belang van de Provincie Fryslân.

Voorgesteld wordt om met ingang van het vergaderjaar 2001 een proef van een jaar te nemen, om elke Statenvergadering te beginnen en te eindigen met een gezamenlijke bede c.q. bezinningsmoment en deze proef eind 2001 te evalueren.
Besluit
Aan Provinciale Staten wordt gevraagd om 20 december 2000 te besluiten, met ingang van de eerstvolgende Statenvergadering in het nieuwe jaar 2001 de vergaderingen te beginnen en te eindigen met een gezamenlijke bede c.q. bezinning van enkele minuten op de besluitvorming.


Leeuwarden, 11 december 2000



Rein Ferwerda, namens de RPF/SGP




Piet de Vries, namens RPF/SGP




Bram van der Werf, namens het GPV





28B Inisjatyf útstel ynfiering fan amtsgebed / besinningsmomint

Foarsitter, sa't jim witte hawwe feitlik net wy mar ien fan de Fryske deiblêden seis fertsjintwurdigers fan Steatefraksjes útnoege, ris nei te tinken oer ynfiering fan it amtsgebed oan it begjin fan in Steategearkomste. Ynearsten ek it CDA, mar úteinlik de lytse kristlike fraksjes hawwe dy útdaging oanfurdige en binne mei dit inisjatyf útstel kommen.

It útsprekken fan it amtsgebed, of sa as yn Lemsterlân wenst is, it yn acht nimmen fan in minút stilte by it iepenjen fan in oerheidsgearkomste ek yn dizze provinsje fine wy noch altiten in mearwearde hawwen, fergelykber mei bgls. it ôflizzen fan de amtseed of belofte. Foarsitter, it sil jo bekend wêze dat yn dizze Steaten mear as de helte fan de Steateleden de eed ôflein hat, dwers troch alle partijen hinne. Dat dogge jo net as de namme fan God jo neat te sizzen hat. Mar fansels sit hjir ek in grutte minderheid dy't om har movearjende redenen der de foarkar oan jûn hawwe de belofte ôf te lizzen. Wy respektearje sawol de ien as de oar.

Dit inisjatyf útstel wol beide groepen temjitte komme, om't wy it fan grut belang fine dat de Steategearkomste yn elts gefal iepene wurdt mei in mienskiplik momint fan besinning op de provinsjale aginda. Fan in tal fraksjes ha wy begrepen dat hja goed de tiid naam ha om harren hjir in stânpunt oer te foarmjen. Dy fraksjes kinne wy dus net yn de kjeld stean litte. Wy wolle hjir noch besykje inkelde arguminten tsjin in gebed of momint fan besinning foarôfgeande oan in politike gearkomste, te ûntkrêften:

1. Brûke we de namme fan God idel as wy ta Him komme mei gebed of yn stilte foar besinning? My tinkt fan net. Want neffens de Bibel is de Heare God net in God privee, mar yn it hiele bestean en libben fan alle minsken ynteressearre, benammen dus ek yn it iepenbiere funksjonearjen fan alle oerheden, dy't troch minsken stal en foarm jûn wurdt. Neffens ús giet it der faaks om hoe't net allinne de foarsitter foarm jout oan sa'n momint fan gebed of besinning, mar ek hoe't de leden fan rieden of steaten der sels mei omgeane.
2. Is gebed de foarm fan konfesjonele en brede folkspartijen, dy't op grûn fan de Bibel polityk bedriuwe wolle, foar oare partijen, dy't in oare demokratyske grûnslach hawwe sil net sa sear gebed, mar seker wol besinning op wat hja beslute wolle, tiid foar ynromme wurde. Net foar neat bestiet der in goed Nederlânsk sprekwurd, dat seit: Besint er gij begint!
3. Dringe wy oare partijen ús wil op as wy komme mei sa'n inisjatyf foarstel? Wy leauwe dat net. It stiet eltsenien frij om: 1. Earst hjiroer in miening te foarmjen 2. Dan hjiroer demokratysk te besluten en 3. Elts op eigen wize earnst te meitsjen mei sa'n momint fan besinning.

Foarsitter, sa lang it noch duorret noegje allinne al de muorreskilderings yn dizze prachtige Steateseal út ta besinning op histoarje, hjoed en takomst fan ús kultuerhistoarysk noch sa rike provinsje Fryslân. Wa soe der wat op tsjin ha kinne om ien minút foarôfgeande oan in iepenbiere gearkomste fan dizze Steaten, yn te gean op de útnoeging fan de foarsitter mei bgls. de wurden:

Ik fersykje de Steaten om in amerij stilte yn acht te nimmen,
foar it hâlden fan stil gebed of in momint fan besinning,
mei it each op de beslútfoarming fan dizze dei…
(en nei ien minút:)… ik ferklearje dizze sitting foar iepene!

Foarsitter, it lêste wurd hjiroer is fansels oan de fraksjes fan de Steaten. Derom noegje ik de wurdfierders út om yn earste termyn har opfetting hjiroer dúdlik te meitsjen en dan sille wy ôfhinklik fan de reaksjes besjen of wy dit útstel al as net yn stimming bringe kinne. Tankewol foarsitter!

« Terug