Tsjokfolle bus yn koroana-tiid net akseptabel

Volle bus vk.jpgwoensdag 25 november 2020 15:56

De fraksjes fan de ChristenUnie en FNP yn Provinsjale Steaten hawwe konstatearre dat guon Fryske buslijnen yn de spits tsjokfol sitte. De lêste pear wiken krigen wy ferskate klachten fan reizgers dy’t har net noflik fielden mei de situaasje yn de bus.

Yn maaie hawwe ferskate partijen fragen steld oer skoalbern en studinten yn it iepenbier ferfier en oer de wize wêrop troch sprieding it oantal minsken dat tagelyk yn de bus of trein sitte nei ûnder brocht wurde kin. Yn de antwurden hat it kolleezje doe oanjûn dat de provinsje as konsesjeferliener tafersjoch hâldt op in goede en ferantwurde útfiering fan it iepenbier ferfier. Boppedat is de provinsje belutsen by it meitsjen fan neiere ôfspraken mei de skoallen en de ferfierders.

Fierder die út de antwurden bliken dat by drokte yn de bussen en by feroarjende koroana-omstannichheden de tsjinstregeling binnen twa wike oanpast wurde kin. Matthijs de Vries fan de ChristenUnie: ‘Wy freegje ús dan ek ôf wat der yn tuskentiid bard is? Folle bussen yn de spits binne yn dizze tiid tige ûnwinsklik.’

De partijen ferwize fierder nei de lêste sifers fan it RIVM dy’t juster sjen lieten dat it totaal oantal besmettings ûnder jongerein fan 1 nei 6 % fan it totaal gien is. De partijen wolle dat it kolleezje fan Deputearre Steaten fuort en dalik mei Arriva yn oerlis giet en op de drokke lijnen ekstra bussen ynset yn de spits.

Gekoppelde documenten
TitelBestandsgrootteMIME-type
2020 11-25 SV FNP en CU oer Tsjokfolle bussen.pdf214,6 kBapplication/pdfdownload
Antwoordbrief_FNP_en_ChristenUnie_oer_tsjokfolle_bussen__.pdf994,0 kBapplication/pdfdownload

« Terug

Archief > 2020

december

november

oktober

september

augustus

juli

juni

mei

april

maart

februari

januari