Werkbezoek aan de Afûk

Afûk.jpeg
Lieuwe-CU-Statenfractie-VK 123 (2).jpg
Door Lieuwe van der Pol op 16 januari 2023 om 18:00

Werkbezoek aan de Afûk

De ChristenUnie draacht it Frysk een warm hert ta. In wurkbesite oan de Afûk leit dan ek foar de hân.

Nei efkes sneupe yn de prachtige boekwinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert wurde we hertlik ûntfongen troch direkteur Alex de Jager. Hy fertelt koart oer it ûntstien fan de Afûk en hoe't de organisaasje groeid is nei wat it hjoed oan de dei is. Folle meer as alinne in ynstelling foar Fryske taalkursussen as in Fryske boekhannel. Der wurdt ynmiddels ek neitocht oer it Frysk yn de soarch, it ûnderwiis en foarskoalse trajekten. Ek de bekende campagnes lykas Praat mar Frysk komme fan de Afûk.

Direkteur fan City of Literature, Ernst Bruinsma ferteld dat sy wolle ynvestearje in it tagonkelik meitsje fan Fryske literatuer en kultuer. Ek de streektalen as it Bildts en it Stellingwerfs falle hjir ûnder. Dat doche sy ûnder oaren mei projekten as 'Uitgesteld geluk'.  Dêr waard it ôfrûne jier eltse dei ûnder it 100 dagen duorjend kultureel programma Arcadia, in nij ferhaal brocht op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. Diskusje oer oft it ûntwikkeljen en fersterken fan it Frysk in kearntaak is fan de provinsje kaam net oan de oarder, Dêroer binne wy it mei inoar iens. De ChristenUnie stiet ek yn de kommende steateperioade foar krêftige stipe oan it yn stân hâlden fan de Fryske taal.

  • It Frysk bliuwt as taal in ferplicht ûnderdiel – leafst yntegraal mei pasjende kwalifikaasje struktuer – fan it basisûnderwiis
  • Ek foar de middelbere skoallen en it middelbere berops ûnderwiis wurdt it Frysk op in yntegrale wize oanbean en de learlingen yn ‘e kunde brocht mei de Fryske kultuer
  • Foar Frysk as eksamenfak wurdt fierder wurke oan in sa yntegraal mooglike kwalifikaasje struktuer
  • De provinsje ferfollet yn it iepenbier ferkear in sadanige rol dat ek it bedriuwslibben har net skammet om it Frysk te brûken
  • Realisearjen fan in folweardige learstoel Fryske taal en kultuer op de Ryksuniversiteit Grins
  • Lykberjochtiging fan it Frysk as twadde taal yn de rjochtspraak
  • Frysk is ek erfguod; stipe fan ryk en provinsje bliuwt nedich om ynstellings as de Fryske Akademy, Tresoar, Omrop Fryslân en Afûk yn stân te hâlden.
  • Aktive ynset fan de provinsje by it ûntwikkeljen en honorearjen fan plannen om it lêzen yn it Frysk te stimulearjen

 

Labels: ,