ALGEMIENE SKOGINGS 2006

vrijdag 10 juni 2005 22:56

De ALGEMIENE SKOGINGS 2006 yn syn gehiel

ALGEMIENE SKOGINGS 2006
 
Betrouber besunigje
Foar ús leit de nije Kadernota Begrutting 2006. Us kompliminten foar dizze opset, ek de rjochtmjittigens fan de jierstikken wie goed yn oarder neffens de eksterne akkountant. Spitigernôch kinne wy dat net sizze fan de kommunikaasje mei de provinsjale stakehâlders en dat muoit ús tige. Noch yn de begruttingsgearkomste fan 3 novimber foarich jier hat it Kolleezje in CU/SGP-amendemint oernommen, dêr’t just dy eksterne kommunikaasje mei boargers, organisaasjes en oerheden alle klam kriget: “Adequate communicatie met burgers en maatschappelijke stakeholders (burgers, organisaties en overheden).” En dan krije de Steaten dochs wer op’e nij in grut tal klachtskriften en teloarstelde ynspraakréaksjes op it boardsje fan benammen kulturele organisaasje as de provinsjale musea en Keunstwurk, dy’t harren ûnrjochtmjittich behannele fiele troch de Provinsje. Steatebreed wiene wy dêr net oer te sprekken. Hoe giet de oerheid mei syn stakehâlders om, dat is de kwestje. Op 1 juny hat de polityk in ûnmiskenber sinjaal krigen, dat der in grutte kleau sit tusken de miening fan in grutte mearderheid fan de boargers en de politike pommeranten. Dat jildt dus net allinnich foar Brussel en De Haach mar ek foar Ljouwert. Wolle ús boargers yn mearderheid wol in Sweeftrein en hawwe se ferlet fan in Nij Frysk Museum, wylst der om raak besunige wurde moat op it gewoane iepenbier ferfier en de besteande musea? Soe it miskien ek ferstannich wêze, om oer beide saken dochs earst noch marris goed by de achterban te riede te gean? De Keamer wol wol trochpakke, mar it Ryk lit de Sweeftrein noch mar wat sweve. Wolle wy dat ek? Wy bliuwe mei de fuotten op Fryske grûn en bepleitsje mear lykwicht tusken ekonomy en ekology. As goede rintmasters moatte wy sunich wêze mei ús grien-blauwe romte. Ek dy heart ta it ûntwerp fan de Skepper.
 
Wêrom Weroerwagings?
Us fraksje hat it Kolleezjeprogram net ûnderskreaun. Wy fiele ús dêrom net bûn oan it stribjen om no 2 miljoen te weroerwaagjen. Wy wolle sels mear dwaan, njonken de effisjinsykoarting fan op syn minst 2,5 miljoen:
  1. Wat tinke de oare partijen fan it besparjen fan 5 miljoen, dat is 1,667 op jierbasis, op in nij Fries museum? En dan ha wy it noch net iens oer de besparring op 10 fte ekstra dy’t yn de nije útstellen noch net dutsen binne! Fierderop komme wy noch mei in ekstra dekking fan likernôch 8 miljoen euro.
 
Bestimming fan de NUON-jilden
Twaddens slagge wy foar it befriezen en foar oare doelen opnij ynsetten fan de Bestimmingsreserve Suderseeline, dy’t no noch fuorre wurdt mei 75% fan it ekstra NUON-dividend boppe de jierliks begrutte 7,9 miljoen euro. Dat betsjut foar it NUON-dividend 2004 in bedrach fan 75% oer 5,5 miljoen (13,4-7,9) = goed 4  miljoen euro en as wy hjir de goed 3 miljoen euro oer 2003 bytelle, dan komme wy op rom 7 miljoen euro dy’t wy oars ynsette kinne. Wy wolle wiswier wol ynvestearje yn kwaliteit, mar dan sjogge wy earst nei ferbettering fan de kwaliteit fan de besteande ynfrastruktuer, wurkgelegenheid, maatskiplike en kulturele foarsjennings. In bettere berikberens fan Ljouwert (NW-tangent en Haak), bettere ûntsluting fan Noard-East Fryslân (Sintrale As) en it goed oerein hâlden fan it foarsjenningsnivo yn ús stêdden en doarpen fine wy perfoarst needsaaklik.
 
 
  1. Wat hawwe de Fryske Steaten dêr foar oer? Wy wolle in Fryslânfûns foarmje foar saken dy’t Fryslân echt nedich hat, mei in lykwichtige ferdieling tusken ekonomy en ekology, hurde (ynfrastruktuer) en sêfte sektor (soarch en kultuer) en dat fûns soe jierliks folle wurde kinne mei:
    1.  it ekstra NUON-dividend oer 2003 en 2004 oant de NUON-oandielen ferkocht binne en
    2. mei yngong fan 2005 in jierlikse tafoeging fan 75% fan it ekstra NUON-dividend boppe 7,9 miljoen euro en/of eventueel:
    3. no’t de oanlis fan in MZB (iennige ynset fan de Provinsje Fryslân!) nei it Noarden op ‘e non rint en dêrmei de tiid kommen is no al goed nei te tinken oer in alternatyf bestegingsútstel, 50 oant 75% fan de opbringst fan Operaasje Falcon. Wy ha fan de Deputearre begrepen dat hjir mear útslútsel oer komt yn septimber en dan wolle wy graach yn de Begrutting 2006 in útstel fan de Deputearre oer de bestimming fan dit jild sjen!
 
Opsinteferheging?
Treddens it ferheegjen fan de opsinten. Wy hawwe yn de kommisje al sein dat wy foarearst foar 2006 net fierder gean wolle as de al earder útstelde 5% ferheging fan de opsinten. Utsein in bettere ûnderbouwing fan it Kolleezje, fine wy in ekstra ferheging mei 10% op dit stuit net ferantwurde tsjinoer ús boargers.
 
Spoar 1 en 2
Yn de kommisje B&M ha wy de nedige kanttekenings makke by de ûnderskate beliedsprogramma’s en tema’s yn Spoar 1. Wy wolle perfoarst net besúnigje op wegenûnderhâld, miljeuhanthavening, soarch en kultuer. Wat de majeure programma’s en projekten fan Spoar 2 oanbelanget, geane wy op dit stuit net akkoart mei de kofinansiering fan in Nij Fries Museum en it Stedskonvenant Ljouwert. En fierder binne wy fan betinken dat earst besocht wurde moat de finansiering fan it Bedriuwenterrein haven Flylân en it Kennissintrum Amelân by it Waadfûns ûnder te bringen. Dat levert in besparring op fan likernôch 8 oant 13 miljoen euro. Dat is op jierbasis 2 oant 3,25 miljoen euro (sjoch Oersjoch 4, s. 114). En dan ha wy it net oer it NUON-jild. Wy wolle hjiroer op 27 juny yn debat mei de oare partijen.
 
 
Rein Ferwerda
 

« Terug

Archief > 2005

Geen berichten gevonden