Algemene Beschouwingen 2001 van RPF/SGP en GPV
vrijdag 08 december 2000 21:11
[b]PROVINSJALE POLITYK YN DE 21E IEU: tusken identiteit en moderniteit
Algemiene skôgings 2001 fan de gearwurkjende Steatefraksjes fan RPF/SGP en GPV [/b]
Algemien Bestjoer en ekonomyske saken
Foarsitter, foar ús lizze in pear prachtige dokuminten. Goed fersoarge, helder skreaun, wol mei in tal strukturele herhellings, mar dat is eigen oan dit systeem. Tank dêrfoar oan it Kolleezje en alle meiwurkers. It grutte ferskil tusken it iene en it oare dokumint, is dat it iene in ferslach jout fan it ferline, de tiid fan de gûne en it oare in foarútblik jout op de takomst, de tiid fan de Euro, dy’t sûnt okkerdeis 1 july net mear wei te tinken falt út de nasjonale en provinsjale ekonomy. Ommers, mei yngong fan 1 july wurde prizen no op alle ferkeappunten yn gûnen en euro’s oanjûn. Wat dat oanbelanget stelt de Foarjiersnota ús wat teloar.
[i] De oanfoljende útstellen ta oanfolling fan it Beliedsprogram 2000 – 2003 binne konsekwint yn gûnen en net yn Euro’s delsetten, dus noch net takomstrjochte. Wêrom moat de Provinsje hjir wer achteroan komme en lizze we mei de ynfiering fan de Euro oer in heal jier fierder noch wol op skema?
Fierder soe it wol handich wêze as der tenei yn provinsjale nota’s standert in list mei begripen, stekwurden en ôfkoartings tafoege wurde koe. Dêrtroch soe seker ek foar de belutsen ynstânsjes en ynteressearre boargers yn ús Provinsje de tagonklikens fan dit foer foar politike sneupers en oare frijwilligers dy’t net al te rom yn har tiid sitte, tige fergrutte wurde. 2001 is ommers it jier fan de frijwilligers. Boppedat, bettere tagonklikens is ek goed foar de ynteraktiviteit, dy’t wy dochs graach op syn tiid mei elkoar útdrage wolle. [/i]
Foarsitter, as lytse kristlike fraksjes binne we der tige grutsk op dat 2001 foar ús ek it jier is fan de oprjochting fan de provinsjale ChristenUnie Fryslân yn dit hûs. As RPF/SGP en GPV-fraksjes hoopje wy mei Gods help, dit jier ta te groeien nei ien fraksje ChristenUnie/SGP, dy’t wer mooglik stribjen bliuwt nei gearwurking mei alle fraksjes.
2001 is ek it jier dat troch it rânestedske Ryksregear in prinsipebeslút nommen is foar ynfiering fan de platte kilometerheffing yn 2005. Wy geane der fanút dat it Kolleezje neitinkt oer de gefolgen fan eventuele opheffing fan de provinsjale opsinten as ynkomstenboarne. It Deistich Bestjoer hat ommers ek al tige kreatyf neitocht wat te dwaan mei de raamde opbringst fan ien miljard troch ferkeap fan de NUON-oandielen. Spitigernôch hat de Keamermoasje Crone oan dizze dreamen in wreed ein makke, om’t de elektrisiteitsnetwurken net privatisearre wurde meie. Dêrtroch kin de ferkeap wolris in heal yn stee fan in hiel miljard opleverje. Mar yn de Foarjiersnota stiet op side 9 noch wol tige optimistysk te lêzen: “Bij de vaststelling van de financiële ruimte is ervan uitgegaan, dat de verkoop van de aandelen NUON ƒ 1 miljard opbrengt.” De totale finansjele romte is opboud út in budzjetromte fan ƒ 353 miljoen, oan te sprekken reserves fan ƒ 126 miljoen en de ferkeap fan NUON-oandielen fan ƒ 900 miljoen.
[i] As we mei elkoar yn stee fan it dreamsenario 2001 – 2015 noris útgeane fan it realo-senario, yn stee fan 900 de helte minder, dus 450 miljoen, hoe stiet it dan mei de finansjele romte, foarsitter? In lytse rekkensom leart my dat der yn stee fan in oerskot dan sprake is fan in tekoart. Lokkich ha wy ek in skema sjoen wêrby útgien wurdt fan in finansjele romte foar 2001- 2005 fan ƒ 217 miljoen, eksklusyf opbringst ferkeap oandielen NUON, mei in tekoart fan ƒ 104 miljoen, om’t de finansjele klaims yn deselde perioade ƒ 321 miljoen bedrage. Hoe wurdt útsteld dit tekoart op te fangen?
As earste útstel komt wer de ferkeap fan NUON-oandielen om’e hoek sjen en as lêste de ferheging fan de opsinten. Mocht foar dy opsje keazen wurde, dan steane ús fraksjes der op dat mei de opbringst in keppeling lein wurdt mei ferbettering fan de ynfrastruktuer yn dizze provinsje.
Hoe reëel binne beide oplossings, foarsitter, as we witte dat de opsinten mooglik oer in pear jier al ôfskaft wurde en de NUON-oandielen by lange net sa folle wurdich binne as yn de Foarjiersnota suggereare wurdt? Graach in realistysk antwurd fan it Kolleezje!
Al jierren hawwe ús fraksjes de suggestje dien om -sadree dit mooglik is- it Fryske diel fan de oandielen NUON te ruiljen foar oandielen NUON-Water. It Fryske wetter yn Fryske hannen, dat is ús útgongspunt. Dy miening binne wy noch altiten tadien en wy binne bliid mei de beandering fan it Kolleezje op Steatefragen dêroer.
2001 is ek it jier fan de evaluaasje fan it Wetterskipsbestel. Us fraksjes stypje de ynstek fan it Kolleezje om op basis fan soarchfâldich ûndersyk fan alle relevante opsjes, mei behâld fan de goede eleminten, te kommen ta strukturele reorganisaasje fan it âlde bestel nei in provinsjebreed droegen funksjoneel wettersysteemskip. Wol men echt oan yntegraasje fan wettersystemen dwaan, dan kinne de Fryske wetterskippen en it Fryske Wetter it bêste, tinkt ús, opgean yn ien orgaan: FrysWetter, bygelyks.[/i]
Wegen-, Wetter- en Miljeubehear
Foarsitter, 2001 is yn dit lân útseinset mei in grouwélige ramp yn Volendam, dy’t benammen foar de legere oerheden as in teken oan de muorre jilde mei. De gefolgen fan de MKZ-ramp foar de regio Noardeast Fryslân ha wy in pear wike lyn noch behannele yn de kommisje AEZ. Yn de kommisje W&M hâlde we nei de ATF-brân yn Drachten, de romming fan Oldenburger yn Ljouwert en de maatregels tsjin oare risikobedriuwen, de iisko-ynventarisaasje yn ús provinsje goed yn ‘e gaten. Wy soene graach sjen dat de provinsjale oerheid as rezjyfierder yn it oerlis mei oare oerheden goed neigiet of wy op skema lizze mei it nimmen fan maatregels om sa folle mooglik ûnfeilige situaasjes foar te kommen.
[i] De feiligens fan alle ynwenners fan Fryslân is foar ús fraksjes in tige hurd punt, foarsitter en wy stypje dêrom in krêftige oanpak mei adekwate hanthavening, dêr’t ek it nimmen fan sanksjes by heart! Lizze wy hjirmei foldwaande op skema, hat de Provinsje foldwaande meiwurkers yn it fjild of binne der noch oare knipepunten?
Binne de jimmeroan tanimmende nije miljeuregels altiten foldwaande dúdlik en goed nei te kommen? Yn dat ramt bepleitsje wy wer mooglik ûntskotting en ferienfâldiging, want wy wolle net allinne ús miljeubelied goed op oarder hawwe yn de 21e ieu, mar ek dat it hanthaafber is troch de oerheid en nei te kommen troch boargers en private partijen! [/i]
Foarsitter, wy hawwe provinsjale eksperiminten mei biobrânstoffen as biodiesel en plantaardige oaljen altiten stipe. De lannelike en provinsjale moasjes fan PvdA en VVD oer ferromming fan de mooglikheden om dêr op aksynsfrijstelling te krijen jouwe perspektyf!
Us fraksjes sjogge lykwols mei leide eagen dat de Provinsje yn wat langer wat mear saken dy’t it Ryk earst tasein hat en dêrnei lizze lit, projekten foarfinansiere moat. Dat jild wurdt dan, sa as yn it gefal fan de Wâldwei troch Rykswettersteat moai op rinte set, en de Provinsje kin der sels net iens oan komme! Skandalich fine wy sok ûnfatsoenlik finansjeel gedrach fan in hegere nei in legere oerheid ta. Dêrom moatte wy ek net op foarhân al provinsjale tasizzings yn konkrete bedraggen dwaan yn saken as it foljen fan it MKZ-Needfûns, dat it Ryksregear tasein hat en de klaim dy’t op de noardlike provinsjes lein wurdt om no al de nedige miljarden ta te sizzen foar de MZB, winliken troch ynfieren straks fan in provinsjale MZB-belesting (ôfkoarting foar: Meer Zweven Belasting) yn stee fan opsinten.
Foar it GPV betsjut de MZB in mooglike oplossing foar it Jeropeeske fleanferkear, foar de RPF/SGP lykwols soe eventuele realisaasje fan in MZB dan ek mar yn in Jeropeesk PPS-gearwurkingsferbân oanpakt wurde moatte. De provinsjale skaal, sels de nasjonale skaal is dêrfoar neffens ús te beheind, de maatskiplike lêsten binne foar ús boargers te heech. Moat Nederlân, ûnder oanfiering fan de noardlike kommissarissen, foarsitter, wer sa nedich foaroan rinne, om foar de grutte Easterbuorman de sweefkastanjes út it eksperimintefjoer te heljen? Foar de RPF/SGP yn elk gefal is it op foarhân beskikber stellen fan miljarden-bedraggen folslein ûnbesprekber, mei it each op noch altiten ûnferfolle, mar wol tige reële winsken sa as:
- de folsleine ferdûbeling fan it spoar tusken Ljouwert en Grins,
- in goed provinsjebreed funksjonearjend iepenbier ferfier mei foldwaande bestjoerend en tafersjoch hâldend personiel op treinstellen en busbanen,
- in goed berikbere provinsjale haadstêd - mei troch realisaasje fan Heak en Noardwest tangent,
- de rûnwei om Snits en de ferdûbeling fan de Wâldwei,
- in yntegrale oanpak fan Fryske marren, de gigantyske baggelproblematyk, sadat de fracht- en rekreaasjefaart hjir ferdûbelje kinne en wurk mei wurk makke kin troch fierdere opheging fan de kaden
- en it feilich meitsjen fan Fryske diken as de Trekwei en noch wat majeure projekten!
[i] Hoe sjocht it Kolleezje hjir tsjin oan en binne hja ek ree om yn dit stik fan saken in oanbodstjoerd provinsjaal dreambelied om te setten yn in eigentiidsk fraachstjoerd belied?
Stel de Fryske boarger mar ris op de provinsjale Fryslân site foar de kar wat hja leaver hawwe foar in pear miljard: in MZB of in berikbere haadstêd, mei betelber en goed iepenbier ferfier en feilige Fryske diken?
Foarsitter, ús fraksjes stypje it provinsjale belied foar feilige Fryske diken. It tal deaden yn it provinsjale ferkear daalt net neffens ferwachting. Dat is foar in diel te witen oan trage útfiering fan it duorsum feilich weiferkear. Wy easkje dan ek yntinsivearring fan duorsum feilich projekten, mei kreative oplossings yn oerlis mei de gemeenten foar bussen dy’t troch beboude kommen ride moatte. Wy trune ek oan op fersnelde útfiering fan in korrekte belining op alle provinsjale wegen.
Wy soene graach yn Fryslân in eksperimint sjen wolle mei de nije ‘lightrailtrein’, benammen as de betelberens fan tsjintwurdige rûtes in probleem wurdt. [/i]
Romtelike oardering
Foarsitter, hjoed-de-dei is der hiel wat yn beweging yn ús noch altiten romme en griene provinsje, dy’t noch sa ryk is oan identiteit. Oan it begjin fan dit jier hat it Ryk it earste diel fan de Fiifde Nota Romtelike Oardering, de VIJNO publisearre. De Provinsje hat mei faasje úteinset mei in gebietsrjochte plattelânsbelied, wêrby alle Deputearren in regio op har noed krigen hawwe. Guon partijen sjogge folle mear yn ien Plattelânsdeputearre.
Yn elk gefal fine wy it omtinken oan 6.22 Lânskipsbelied mei gjin inkel útstel perfoarst oan de skrale kant. Wat dêrby oer aktualiteiten opnaam is, kinne wy dat as lippetsjinst beskôgje?
Wy woene graach in konkrete ynfolling fan it Kolleezje sjen op in terjochte konstatearring as:
“We zien een groeiende aandacht voor de kwaliteiten van het landelijk gebied (ruimtelijke kwaliteiten, natuur, landschap, aantrekkelijk woon-, leef- en werkmilieu, water, cultuurhistorie, identiteit en dergelijke). Een goede inpassing, afstemming en verweving daarvan met de gebruiksfuncties (zoals landbouw, recreatie en toerisme) is een belangrijke opgave voor ons als provincie.” As dat dan sa is, dan mei dat ek wol wat konkreter yn it Beliedsprogramma 2000-2003 ta utering brocht wurde, tinkt ús fraksje.
[i] Kin de Provinsje yn it ramt fan it gebietsrjochte belied, yn’e mande mei de gemeenten, ek in mear stimulearjende rezjy fiere, om karakter en kwaliteit fan de leefomjouwing projektmjittich te befoarderjen, mei gebrûk fan bgls. ISV-(Investeringsbudget Stedelijke Vernieuwing), Leader plus en 5B-subsydzjes?
Dêrby freegje wy ek omtinken foar de mooglikheid ta bettere yntinsivearring fan romtegebrûk troch it kreëarjen fan romme ûndergrûnse parkearromten yn wengebieten. Spitigernôch kinne we dêrby noch net wize op in goed provinsjaal foarbyld, mar miskien wurdt dat de kommende jierren better ûnder in renovearre Provinsjehûs.
En wat ús oanbelanget meie der op it IBF-bedriuwenterrein ek wol wat lytsere bedriuwen mei wat minder kapsy húsfeste wurde, om sa te mjitte te kommen oan de winsk fan alle partijen om sa gau mooglik it IBF fol te krijen. Is dat besprekber foar it Kolleezje?[/i]
Foarsitter, wy binne bliid mei de tasizzing dat it Kolleezje mei in útstel komme sil foar de oanpak rjochte op aktualisearring fan gemeentlike bestimmingsplannen, yn relaasje mei de wersjenning fan it Streekplan.
Yn de VIJNO konstatearret Minister Pronk op side 153: “De diversiteit van het landschap, de ruimtelijke contrasten en het cultureel erfgoed staan onder druk. Ondanks de toegenomen aandacht voor architectuur, zijn er buiten de historische steden in het landschap gelijktijdig monofunctionele enclaves voor wonen, werken, winkelen en vermaak ontstaan.” Hjoed-de-dei bestiet der by boargers, toeriste-organisaasjes en oerheden in tanimmende belangstelling foar kultuerhistoarje yn eigen streek, weardefolle kultuerlânskippen, argeologyske fynplakken en Belvederegebieten.
Us fraksjes freegje yn it ramt fan it nije Kultuerkonvenant mei it Ryk omtinken foar it neikommen fan de ôfspraken oer monumintesoarch, argeology en kultuerberik. Ek mei troch festiviteiten as Simmer 2000 wurdt it draachflak befoardere foar saken dy’t de Fryske identiteit te’n goede komme. Yn it ramt fan de VIJNO ferwachtsje wy in gearhingjende fisy fan de provinsjale oerheid op dizze aktuele trends yn de mienskip. Yn dit ferbân wize wy op de strukturele ûnderbesetting fan de ôfdieling argeology. Grutte wurdearring ha wy foar de aktiviteiten fan de provinsjaal argeolooch, dy’t tinke wy, mear assistinsje nedich hat om al it wurk oan te kinnen. By bouprojekten yn de provinsje blykt kear op kear wer dat der te min omtinken jûn wurde kin oan weardefolle argeologyske fynsten yn de boaiem. Op side 135 fan de Foarjiersnota stiet: “Het ondersteunen van onderzoek en opgravingen is een van de kerntaken van de provincie.” De provinsje hat dan ek in wetlike rezjytaak nei de gemeenten ta foar ymplemintaasje fan it Ferdrach fan Malta. Wy stypje dêrom in ferheging fan it budzjet foar argeologysk fjildwurk en opgravings en digitale projekten as it “Frieslandprojekt” en it projekt “Erfgoed en onderwijs”.
[i] Wy soene ta wolle nei in strukturele útwreiding fan de personiele formaasje argeology en monumintesoarch. Kin de Deputearre ús tasizze dat hy oanfoljende romte siket yn it Beliedsprogram foar in ekstra formaasjeplak?
Fierder freegje wy it Kolleezje ris nei te gean oft yn it ramt fan it provinsjale kommunikaasjebelied de tiid ek kommen is foar in fernijde Fryslân-promoasjefilm.[/i]
Foarsitter, ús fraksjes freegje yn it ramt fan de romtelike oardering ek noch omtinken foar in belangrike ûntwikkeling yn de regio. En dat hâldt yn de ûntwikkeling fan in plan om tusken de Noardeastepolder en it âlde lân fan Fryslân en Oerisel in rânemar te realisearjen. It giet hjir om in grutskalich projekt mei grutte potinsjes en is basearre op de Keamermoasje Stellingwerf dy’t yn it ramt fan de Nota Belvedere oannommen wurden is. Dêryn is benammen omtinken frege foar de multifunksjonaliteit en it mearfâldich romtegebrûk yn it belangjend gebiet, mei omtinken foar aspekten as: ynfrastruktuer, lânskip, histoarysk stêdelânskip, natoerûntwikkeling, toerisme, rekreaasje, ekology en wetterbehear.
[i] Yn diel I fan de VIJNO wurdt dit rânemar neamd, mei in pleit foar romtelike reservearring. Ek foar it wetterbergjend fermogen hat in rânemar positive effekten. Hoe stiet it Kolleezje tsjin dit plan oer, wêrby ek de âlde Suderseekustline hersteld wurde sil?
De provinsje moat mear dwaan oan realisearring fan ekologyske ferbiningssônes. Dêr soe sels gjin evaluaasje foar noadich wêze hoege. Dochs is it goed dat it belied út 1991 op ’e nij wer ûnder de lûp nommen wurdt. Mar de yntinsje moat dêrby wol wêze om mear as no ta stân te bringen. Wy bepleitsje yntinsivearring fan de provinsjale ynset op dit mêd. En lit ús dan benammen wurk-mei-wurk meitsje: ekologyske ferbiningssônes op dy plakken wêr én natoer en én ferkear én rekreaasje der op foarút geane.
Us fraksjes binne fan betinken dat der hjir en dêr yn de provinsje noch wol wat romte te finen is foar útwreiding fan rekreaasjeterreinen. Sa soene wy yn it ramt fan in leefber plattelân oan de súdkant fan it Tsjûkemar, oan de doarpen dêr gelegenheid jaan wolle te profitearjen fan rekreative foarsjennings op en oan de marren.
De Provinsje hat de nije Bestjoersoerienkomst “Landelijke Ontwikkeling Windenergie” (BLOW) sûnder entûsjasme oanfurdige. De doelstelling wie 200 MW en bliuwt 200 MW. De doelstelling foar it jier 2000 is net helle. We rekkenje der op dat de 200 MW-doelstelling troch realisaasje fan it IPWA (ôfslútdykplan) no rom foar 2010 wol helle wurdt. Dat moat ús in eare wêze, in ynspanningsferplichting foar ússels.
De skulpefiskerij leit stil nei in útspraak fan de Raad van State. De float mei earst wer útfarre as der in duorsum winningsbelied fêststeld is. Wy trune oan op in snelle oanpak. De Provinsje soe dêryn in paadsljochtersrol ferfolje kinne troch as bemiddeler op te treden tusken it Ryk en de sektor. It kin net sa wêze, dat der in totaalferbod op de skulpefiskerij bestean bliuwt. Dêrfoar binne der tefolle skulpen en te folle belangen, sawol fan de sektor as fan ôfnimmers, benammen de Waddengemeenten foar de fytspaden. Us fraksjes binne fan betinken dat in ferantwurde winning seker mooglik is. [/i]
Wolwêzensaken
Foarsitter, it is aaklich stil op it mêd fan ynvestearrings yn it Lânboumuseum. It partikulier inisjatyf giet ûndertusken wol syn eigen gong, bgls. yn Feankleaster. De provinsjale rezjy hat de slach ferlern, sa liket it wol.
Wy binne dêrom tige wiis mei de aktiviteiten fan it Afron (Agrarisch Friesland Oud en Nieuw), dy’t wat ús oanbelanget tige goed in provinsjale rol as stipefunksje foar agraryske histoarje ferfolje kin. Is it Kolleezje ree om in oanfraach fan Afron as provinsjale stipefunksje agraryske histoarje te oerweagjen en eventueel finansjeel te honorearjen? Om’t it yn 2002 150 jier ferlyn wêze sil dat de ferneamde “Friesche Maatschappij van Landbouw” oprjochte waard, soe soks by gelegenheid fan dat jubileum in passend kado wêze kinne as huldeblyk oan alle agrariërs dy’t stâl jûn ha oan de agraryske identiteit fan it Fryske plattelân! Lit we dêr sunich op wêze no’t net Bijman of Brinkhorst, mar Brussel ek it provinsjale lânboubelied dominearet, dat hat yn dit jier fan de tongblier wol bliken dien!
Foarsitter, yn dit jier fan de talen en kedizen oer in nij Provinsjehûs, is it in eare foar in provinsjaal amateurpolitikus him noch yn dizze prachtige Steateseal yn dit histoaryske provinsjehûs fan it Frysk betsjinje te kinnen. Dat is in rjocht en in foarrjocht, dêr’t ús politike foarâlden foar striden en krewearre hawwe, en dat hoopje wy benammen dit jier, nei’t de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer wer ûnderskreaun is troch it Ryk, yn novimber wer te betinken! Want wy hoege ús yn dizze provinsje net mear te ferbrekken, net yn Steaten, rieden of rjochtsseal: praat mar Frysk, praat mar Biltsk, spreek maar Nederlands, proat mer Stellingwarfs, kollega’s út de Stellingwerven, of doarre jim dat hjir net oan? (Ik soe bgls. de grappen en grollen fan de hear Baas wolris yn it Stellingwarfs hearre wolle) Wy binne lykwols fan betinken dat de provinsjale nota’s en oare útgeande stikken, bygelyks ek personieladfertinsjes, út it eachpunt fan de foarbyldfunksje fan de oerheid, wol wat in better en gever Frysk nivo hawwe kinne soene. Seker no’t de Ljouwerter Krante fan tiisdei 12 juny ús dêr in geef stealtsje fan sjen litten hat. Dan kinne we net mear folstean mei moaie útspraken dat Frysk “fun” is, mar dan lit ús kolleezje dat hearre ek. En dat soe bêst wolris tige “funny” klinke kinne, mar dêr ha wy mei elkoar niget oan, of net, foarsitter? En dan wol ik efkes refereare oan de útspraak fan Deputearre Jansen yn de krante fan 5 juny, doe’t hy yn it Nederlânsk sa treflik sei: “Mensen zoeken weer een vorm van identiteit. Ze willen ergens bij horen. De regio kan een bindende factor zijn als keerzijde van de mondialisering. Zo kun je de wind tegen hebben, maar het tij mee.” As lytse kristlike fraksjes kinne wy dizze útspraak fan herte stypje.
2001 is ek it jier fan de ynfiering fan de nije Fremdlingewet, dêr’t benammen de gemeenten mei fan dwaan hawwe. Op it mêd fan it asylbelied hat de wetjouwer mar in beheinde yntermediêre rol foar de provinsjes weilein. De provinsje is tafersjochhâlder foar it ûnderbringen fan statushâlders yn de gemeenten. Der is lykwols noch net in slutende oplossing foar de útsetting fan yllegale frjemdlingen. Op grûn dêrfan kinne wy ynstimme mei in ynsidintele, mar gjin strukturele subsydzje foar helporganisaasjes as de Stichting Respons. Wy hearre graach tidich fan alle relevante ûntwikkelingen op dit mêd yn de kommisje Wolwêzen.
De ynbring fan allochtoane selfhelporganisaasjes fine wy yn it ramt fan it ynteraktyf bestjoer fan grut belang. Wy freegje ek yn dit ferbân benammen omtinken foar ien fan de âldste allochtoane groepen yn dizze provinsje, de Molukkers yn Easterwâlde en omkriten. Wy trune oan op struktureel oerlis mei de gemeente Ooststellingwerf en de Molukse organisaasjes en stypje de kontakten dy’t der ek fanút dizze Steaten al lein binne.
Wy binne foarstanner fan it projekt ‘Kenniscampus Leeuwarden’, om de kwaliteit fan it heger ûnderwiis te ferheegjen. We hoopje wol dat dit net gean sil te’n koste fan de eigen identiteit fan de belutsen ynstellings foar heger ûnderwiis. Op dit punt ha wy wol ús soarch, mei it each op de opstelling fan ien fan de dosinten, de hear Henk Vijver, dy’t de oarsprong fan noarmen en wearden net yn Godlike iepenbiering, mar yn minsklike kultuer en ûnderfining siket. Lykwols steane wy organisatoaryske gearwurking foar, oeral wêr’t de eigen bestjoerlike identiteit fan de HBU-ynstellings respektearre wurdt.
As lytse kristlike fraksjes binne wy net te sprekken oer it ûnferdraachsume optreden fan de homobeweging yn de gemeente Ljouwert en de hurde opstelling fan it Kolleezje fan dizze gemeente nei in trou-amtner, dy’t op grûn fan har gewisse wegere hat it houlik te foltrekken fan inkelde homopommeranten, dy’t de kar hiene út sân oare trou-amtners. Fansels hat de Provinsje hjir net direkt mei te krijen, om’t dit de autonomy fan it gemeentlik belied oanbelanget. Mar wy hoopje net dat dit diskriminearjend belied tsjinoer behâldend-leauwige amtners symptomatysk wurde sil foar de takomst. Mei grutte klam protestearje wy tsjin dit ûnferdraachsume, diskriminearjend gemeentelik personielsbelied. Wy freegje ús ôf, yn it ljocht fan de antidiskriminaasje-wetjouwing, of it Ljouwerter gemeentebestjoer him ek skuldich makket oan ûngerjochtfeardige útsluting fan wurknimmers dy’t har beroppe op de grûnwetlike frijdom fan gewisse. Wy sille yn elts gefal gjin moasje stypje, dy’t it wurk fan in yntolerante homobeweging beleanje wol mei hegere subsydzjes.
Yn 2001 hat de provinsje ek in begjin makke mei de oplossing fan de BJ-problematyk fan Aekinga. Wy stypje dizze oanpak yn goed ynteraktyf oerlis mei de sektor, wêrby ek de lange deisoarch Witakkerschool, Buitenschool/Grewelschool it nedige omtinken kriget.
Foarsitter, sa soene wy noch wel efkes trochgean kinne. Wy wolle ús lykwols beheine ta kommentaar op in tal yn ús eagen wichtige ûnderdielen fan it provinsjaal belied, yn it spanningsfjild tusken identiteit en moderniteit.
Wy winskje it Kolleezje, de kollega’s út de oare Steatefraksjes en alle provinsjale meiwurkers yn elk gefal Gods ûnmisbere seine, fisy en wysheid ta yn it mei elkoar tarieden en útfieren fan goed bestjoer fan ús identiteitrike provinsje!
Rein Ferwerda, út namme fan de Steatefraksjes fan RPF/SGP en GPV.