Ynze de Boer

 Klik hier voor de Nederlandse vertaling

"Kristen -wêze hâld net op by it tichtlûken fan de húsdoar, mar hat ynfloed op alles wat jo dogge yn de maatskippij." – Ynze de Boer

Ynze de Boer is trout, heit fan trije folwoeksen bern en pake fan fjouwer pakesizzers. Mei 22 jier politike ûnderfining is hy de nestor fan de ChristenUnie-fraksje.It is allegear begûn doe’t syn frou binnen de RPF in plak krige yn de gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat. Troch har op de eftergrûn te stypjen en mei te tinken oer politike saken, waard syn ynteresse geande makke. Doe’t hja seis jier letter, fanwege persoanlike reden, ophâlde moast, hat Ynze it plak fan syn frou oernommen.

Yn 2001 waard Ynze wethâlder, mar doe’t hy nei fiif jier werom kaam yn de gemeenteried, wie troch yntinsyf kontakt mei de provinsje syn ynteresse foar de Steaten geande makke. Yn 2007 makke hy de oerstap fan gemeenteried nei Provinsjale Steaten, wêr de ChristenUnie op dat momint ien fan de koalysjepartijen waard. Ynze genietet fan syn seniorfunksje binnen de fraksje. Hy brûkt syn ûnderfining graach om syn fraksjegenoaten te stypjen. "Ik ha doedestiids foar de RPF en letter foar de ChristenUnie keazen om’t ik my as kristen it bêst fine kin yn de útgongspunten fan dizze partij. Benammen de soarch foar minsken dy’t it minder hawwe en it opkommen foar skepping en natuer sprekke my tige oan. Ik wol myn kristen-wêzen graach útstriele yn myn politike hâlden en dragen. Dat betsjut net dat ik myn miening en stânpunten oan immen oplizze wol. It betsjut wol dat ik der fan oertsjûge bin dat kristen-wêze net ophâld by it tichtlûken fan de húsdoar, mar ynfloed hat op alles wat jo dogge yn de maatskippij."

Ynze syn hert leit by soarch en sosjaal belied, wêr’t hy him ek fol oerjefte foar ynset. Ek no’t de ferantwurdlikens foar de soarch fan de provinsje nei de gemeenten ferskoot, bliuwt Ynze him sterk meitsjen foar sosjaal belied. Soarch foar inoar en de maatskippij. "Wy binne as partij foar it algemien belang en net foar in part fan de belangen sa as bygelyks in one-issue partij. Dat is gjin goede polityk. In politikus moat dwaande wêze mei it belang fan de hiele mienskip." As foarbyld neamt Ynze antidiskriminaasjebelied, wat neffens him tige wichtich is. "Diskriminaasjebestriding is eat wat net tusken wâl en skip bedarje mei . As gemeenten dat net oppakke moat de provinsje dat by him hâlde.  Bern moatte op skoallen foarljochting krije oer de gefolgen fan peste , narje en diskriminaasje en oer minsken dy’t oars fan aard binne.. Pesten en diskriminaasje kin de meiminsken bot te havenje en te’gnjirdzje ."

Neist de Soarch hat Ynze ûnder oare de portefúlje Underwiis, Taal en Kultuer ûnder syn hoed en noed. "Ik ha hert foar de Fryske taal, ik  sprek graach Frysk en besykje dat ek safolle mooglik te dwaan. Ik besykje de belangen fan it bewarjen fan de Fryske taal sa goed as mooglik is te behertigjen."Dit docht hy bygelyks troch yn de Steatengearkomsten Frysk te sprekken. Dêrneist is Ynze grut foarstanner fan it trijetalich ûnderwiis wat op 61 skoallen yn de provinsje jûn wurdt. "Dêrmei wurdt der foar soarge dat der al fan jonge leeftiid ôf in boaiem lein wurdt foar it brûken fan de Fryske taal. Boppedat is it goed foar de taalûntwikkeling. Hoe mear talen as in bern yn de earste jierren fan syn libben leart, hoe makliker hy der letter in nije taal by leart."

Ynze de Boer

Steatenlid

tel.nr.: 06-11436284



 

“Christen-zijn stopt niet bij het dichttrekken van de huisdeur maar heeft invloed op alles wat je doet in de maatschappij” – Ynze de Boer

Ynze de Boer is getrouwd, vader van drie volwassen kinderen en Pake van vier pakesizzers. Hij is met 22 jaar politieke ervaring de nestor van de ChristenUnie fractie. Het begon allemaal toen zijn vrouw binnen de RPF een plaats kreeg in de gemeenteraad van Gaasterlân-Sleat. Door haar op de achtergrond te steunen en mee te denken over politieke zaken, werd zijn interesse gewekt. Toen zij wegens persoonlijke redenen zes jaar later moest stoppen, heeft Ynze de plek van zijn vrouw overgenomen. In 2001 werd Ynze wethouder. Maar toen hij na vijf jaar terug kwam in de gemeenteraad was door intensief contact met de provincie zijn interesse voor de staten gewekt. In 2007 maakte hij de overstap van gemeenteraad naar Provinciale Staten, waar de ChristenUnie op dat moment een van de coalitiepartijen was. Ynze geniet van zijn seniorfunctie binnen de fractie. Hij gebruikt zijn ervaring graag om zijn collega’s in de ChristenUniefractie te ondersteunen.

 “Ik heb destijds voor de RPF en later voor de ChristenUnie gekozen omdat ik mij als christen het beste kan vinden in de uitgangspunten van deze partij. Met name de zorg voor de minder bedeelden en het opkomen voor de schepping en de natuur spreken mij erg aan. Ik wil mijn christen-zijn uitstralen in mijn politieke doen en laten. Dat betekent niet dat ik mijn zienswijze en mening aan iemand wil opleggen. Het betekent wel dat ik er van overtuigd ben dat christen-zijn niet ophoudt bij het dichttrekken van de deur, maar invloed heeft op alles wat ik doe in de maatschappij.”

Ynze’s hart ligt bij de zorg en het sociaal beleid, waar hij zich vol overgave voor inzet. Ondanks dat de verantwoordelijkheid voor de zorg van provincie naar de gemeente verschuift, blijft Ynze zich in de Staten sterk maken voor sociaal beleid, zorg voor elkaar en de samenleving.

"Voor gemeenten is dit een nieuwe taak. Het risico is aanwezig dat er zaken tussen wal en schip raken. Daar wil ik heel alert op zijn. Dat geldt zeker ook voor antidiscriminatiebeleid dat nu wordt uitgevoerd door Tûmba. Dat dreigt te verdwijnen omdat gemeenten het niet willen overnemen. Pesten en discriminatie kunnen mensen enorm beschadigen en ze kunnen daar vreselijk onder lijden. Daarom moeten kinderen op scholen voorlichting krijgen over pestgedrag, over discriminatie en over anders geaarde mensen."

Naast zorg heeft Ynze onder andere de portefeuille Onderwijs, Taal en Cultuur onder zijn hoede.

Ik heb hart voor de Friese taal, ik spreek graag Fries en doe dat zoveel mogelijk. Ik probeer de belangen van het in stand houden van die Friese taal zo goed mogelijk te behartigen.Tijdens de Statenvergadering spreek ik Fries, tenzij er mensen bij zijn die het Fries niet verstaan. Daarnaast ben ik groot voorstander van het drietalig onderwijs wat op 61 scholen in de provincie wordt gegeven. “Daarmee zorgen we dat er al vanaf jonge leeftijd een basis wordt gelegd voor het gebruik van de Friese taal. Bovendien is dit goed voor de taalontwikkeling. Hoe meer talen een kind in de jonge jeugd leert, hoe makkelijker het er later een nieuwe taal bij leert.”

Ynze de Boer

Statenlid

tel.nr.: 06-11436284