Nieuw Thialf

thialfdonderdag 09 februari 2012 17:19

Thialf behoort tot de wereldtop onder de ijsbanen. Door verouderde techniek dreigt die koppositie verloren te gaan. Een nieuw ijsstadion is noodzakelijk om Nederland de koppositie in de schaatssport te laten houden. De Staten hebben hierover op 8 februari met elkaar gesproken. Een besluit over een nieuw Thialf wordt genomen op 22 februari a.s. Klik op 'lees verder' voor de bijdrage van Ynze de Boer van 8 februari.

De ChristenUnie fraksje is van miening dat Thialfde A-status hâlde moat. Dat is foar ús it wichtigste útgongspunt. Ús fraksje fynt it behâld fan dizze A-status sa wichtich om't we dêrmei ús provinsje op de wrâldkaart sette kinne.
Út de stikken docht bliken dat dit ek kin op de hjoeddeiske lokaasje. Dêrom wolle wy de finânsjele bydrage fan de provinsje dêroan relateare. En dan meinammen oan de earste fariant dêrfan.
Ik wol útlizze wêrom't we foar it beheinen fan de bijdrage fan de provinsje binne.

Sa ik al sei wol ús fraksje dat de provinsje bijdraagt oan de bou fan in Nij Thialf. Net omdat we sa nedich de topsport stypje moatte, mar omdat we de mearwearde foar ús provinsje sjogge fan wedstriden yn dereedriderstop op Thialf. Dêrneist draacht in nije baan by oan de breedtesport foar amateurs. Wy fine it wichtich dat de provinsje de amateursport stipet, stimulearret en fasalitearret. As we it hawwe oer it ferbinen fan sosjale eleminten oan spesifyke provinsjetaken, dan is dit der wol ien fan. Dêrom wolle we net alle jild útjaan oan it topsportsigment, mar in part brûke foar it fasilitearen fan de amateursport yn de hiele profinsje. En dan doele we yn dit stik fan saken fansels ek op de Iishal yn Ljouwert. As we besparje op Thialf kinne wy jild ynsette foar de Iishal Ljouwert.

Der binne foar ús noch in stikmannich fragen en rânebetinksten hwêr't we it earst oer ha moatte, ear't we yn PS in beslút nimme kinne oer de provinsjale bijdrage oan de bou fan Thialf.

Oantal fragen:

Fraach: Betinkst fan PS wie dat de KNSB en it Ryk harren belang yn de ûnderskate varianten fanút nasjonaal-sportieve oerwagings foldwaande ta úttering bringe. (sjoch amendemint 22-09-2010) Wat is de stavaza hjiryn? We fine der neat fan werom yn de stikken. As hja dat al dogge, op hokfoar wize dan? En as dat noch net bart, hoe tinkt it kolleezje dat it beslút fan PS yn dizzen útfierd wurde kin?

Fraach: Op side 11 wurdt praat oer in finansjele bijdrage fan de provinsje út de REP jilden. Is dizze bijdrage relateert oan de lokaasje Noorplot, as kin dit ek as we it ha oer fernijbou op de hjoeddeiske lokaasje?

Fraach: Nijbou op de Noordplot skept goede mooglikheden foar ûnderwiis,yinnovaasjes, duorsemens en wurkgelegenheid. Binne dizze mooglijkheden net oanwêzich by fernijbou op de hjoeddeiske lokaasje?

 

« Terug

Archief > 2012

Geen berichten gevonden