Beslútfoarming Suderseeline nochris goed oerwaagje!

maandag 05 juli 2004 21:19

It stânpunt fan de ChristenUnie/SGP-Steatefraksje dat wy ek op 30 juny 2004 op ’e nij útdroegen ha, is net wizige. Sterker noch, it wurdt neffens ús mear en mear dúdlik dat wy hjir neffens it saneamde foarsoarchbegjinsel (by twifel net dwaan) noait oan begjinne moatte. Wy hawwe dêrfoar in oantal arguminten.

It stânpunt fan de ChristenUnie/SGP-Steatefraksje dat wy ek op 30 juny 2004 op ’e nij útdroegen ha, is net wizige. Sterker noch, it wurdt neffens ús mear en mear dúdlik dat wy hjir neffens it saneamde foarsoarchbegjinsel (by twifel net dwaan) noait oan begjinne moatte. Wy hawwe dêrfoar in oantal arguminten.

1. Foar mear wurkgelegenheid foar it Noarden, dat de foarstanners yn de Kolleezjepartijen altiten oandroegen hawwe as trochslaand argumint, blykt neffens berekkeningen fan it CPB dat ien MZB-baan de mienskip trijehûndert ekwivalint jierren oan bystânsjild kostet. Djoere banen, dus!
2. En dan it treinkaartsje. As de maksimumprizen foar sa’n ûnferhope MZB-kaartsje neffens minister Peijs frij litten wurde sille, en de private MZB-eksploitant krekt sa konkurrearjend tinke sil as de ferneamde swimbad-útbater, it feintsje fan Menaam Van Boma, dan sil in MZB it swevende symboal fan de nije twadieling yn Fryslân wurde.

3. Boppedat, it jout te tinken dat it Kabinet yn april yn de Nota Romte it ljocht foar in Suderseeline op grien setten hat. Wy tinke dat soks wolris wat te meitsjen ha kin mei de Rânestedske Noordvleugel-konneksje. Mar dan moatte wy hjir yn it Noarden wol goed betinke, dat de Noardhollânske partijen it noch altiten ferpoffe om oan in Suderseeline yn hokker fariant ek mei te beteljen, sa’t dúdlik op s. 3 fan it Kolleezje-útstel útien set is. Dat betsjut dat de Noardhollânske partijen allinne mar rekken hâlde mei har eigen regionale belang: de Noordvleugel, wylst de Noardelike provinsjes harren wol op foarhân kommittearje oan de Noordvleugel. Dêrmei wurdt de oarspronklike doelstelling fan it Langman-akkoart, it ynrinnen fan it fazeferskil tusken it Noarden en de rest fan Nederlân, finaal op ‘e kop set. It Noarden stipet de Rânestêd yn stee fan oarsom, wylst de Rânestedske wolfeart driuwt op de Noard-Nederlânske gasfynsten – de omkearde wrâld: wa stipet wa?

4. Dan as fjirde argumint: de ynterpretaasje fan de fleugele wurden fan doetiidsk fraksjefoarsitter, no sittend deputearre Ploeg: “200.000 euro en geen cent meer”. We hawwe hjir yn dit hûs wolris faker ynterpretaasjekwestjes hân, mar dit binne wol djoere ynterpretaasjes fan “geen cent meer”. Want neffens de lêste en bêste eksegeze fan it Kolleezje op s. 3 oer de regionale en de Fryske bydrage, betsjut soks, dat dizze bydrage yn 2010 yn elk gefal op syn minst € 274 miljoen bedrage sil, alle priisstigings tusken 2002 en 2010 noch net meirekkene! As wy dan útgean fan in ynflaasjepersintaazje fan jierliks op syn minst 1,5%, dan is de bydrage priispeil 2010 noait minder as € 300 miljoen! En dan sille wy it noch mar net hawwe oer al dy oare majeure projekten, dêr’t ek gjin (genôch) jild foar is, as de Sintrale As en it Fryske marreprojekt, om oer it hanthavenjen fan in goed en betelber iepenbier ferfiersysteem yn de takomst mar fierder te swijen.

5. As fiifde argumint om hjir dochs noch mar ris goed oer nei te tinken, ha wy lêzen dat der noch wol wat rûs sit tusken de sjenswize fan de foarsitter fan de Stjoergroep, de hear Alders, en de ûnwisse ynterpretaasjes fan it Kolleezje fan de nije konseptoerienkomst. Neffens de hear Alders kin Fryslân net samar út de oerienkomst stappe en is de útkomst fan de útstelde ûntbinende betingsten foar him noch lang gjin útmakke saak.

6. Fan Paris oer Brussel nei Amsterdam raast der in HSL-trein tusken in pear Europeeske haadstêdden. It is de bedoeling dat dit ynternasjonale transeuropeeske HSL-netwurk him nei súd, noard en east yn Europa fierder útwreidet. Yn it ramt fan in transeuropeeske treinferbining soe in magneetsweefbaan in koekoeksjong yn in HSL-nêst wêze.

7. Is in superdjoere magneetsweefbaan foar it Noarden winliken wol de goeie technology om in bettere sprieding fan wolfeart en wurkgelegenheid yn dit lân mooglik te meitsjen, sa’t in pear noardelike PvdA-pommeranten yn it FD fan 2 july suggerearje? Hat it Noarden yn it algemien en Fryslân yn it bysûnder net folle mear ferlet fan de realisaasje fan in duorsume ekonomyske struktuerfersterking neffens de oarspronklike doelstelling fan it Langman-akkoart fan 1998 en de dêryn útstelde ynfrastruktuerprojekten? Hoe wiis soe de hear Langman sels mei in magneetsweefbaan wêze? Hawar, de ChristenUnie/SGP-Steatefraksje bliuwt fêsthâlden oan de doelstellings fan de kommisje Langman en ferwachtet fan in ynteger Kabinet dat sa hecht oan wearden en noarmen, it neikommen fan syn ferplichtings as betroubere oerheid, ek nei 2006!

Rein Ferwerda, foarsitter ChristenUnie/SGP-Steatefraksje Fryslân

« Terug

Archief > 2004

Geen berichten gevonden