Vragen over de positie van Noordoost Fryslân

dinsdag 11 mei 2004 22:29

Fractievoorzitter Ferwerda heeft GS vragen gesteld over uitspraken van gedeputeerde Bijman over de positie van Noordoost Fryslân.

 Steatefraksje ChristenUnie/SGP

SKRIFTLIKE FRAGEN, ex artikel 36 Reglemint fan oarder

  • Yntsjinje by de steategriffy
  • Antwurd binnen 30 dagen

Rjochte oan DS /

dep. Bijman

Underwerp

 

Utspraken oer de posysje fan Noardeast Fryslân

Eftergrûnen

Ekonomyske posysje fan de NOFA-gemeenten, dy’t mienskiplike aksje fan alle belangjende oerheden en oare aktoaren nedich makket

Fraach / Fragen

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Kin deputearre Bijman befestigje dat hy op freed 23 april, by gelegenheid fan in minisympoasium ‘visie op de regio’ yn Dokkum, sein hat dat it bêst goed giet mei de regio en men dêrom ophâlde moat mei ‘zielig doen’? (FD fan 24 april 2004)

As dizze útspraak korrekt troch de parse werjûn is, wol de deputearre dan útlizze wat hy ferstiet ûnder ‘zielig doen’ en wer’t hy soks op basearret?

Wurdt dizze miening dielt troch it hiele Kolleezje of is dit inkeld de privé-opfetting fan dep. Bijman?

Hoe ferhâldt dizze opfetting him ta útspraken fan Twadde Keamerleden Jacques Tichelaar (PvdA), Ronald Kortenhorst (CDA) en Janneke Snijder (VVD), dat de regio Noardeast-Fryslân altiten finansjele stipe nedich hat om ekononomysk net noch fierder efterop te reitsjen by de rest fan Fryslân en Nederlân? (LC fan 24 april 2004)

Hoe kinne de Steaten de kommende tiid it provinsjale gebietsrjochte belied oangeande de NOFA-gemeenten tsjutte?

Yntsjinner

(fraksje / namme / hantekening)

ChristenUnie/SGP, Rein Ferwerda

« Terug

Archief > 2004

Geen berichten gevonden