Provinsjeprogram 2003-2007 ChristenUnie/SGP

zondag 12 januari 2003 21:45


Nei in weardefolle provinsje!

1. Algemien bestjoer

2. Iepenbiere oarde en feiligens

3. Ferkear en ferfier

4. Wetterhúshâlding

5. Miljeu

6. Ekonomyske saken en sônebelied

7. Lânbou en lanlik gebiet

8. Soarch, wolwezen en kultuer

9. Romtlike oardering en Folkshúsfesting

10. Provinsjale finânsjes en behear


Speerpunten












Wat is de ChristenUnie foar in partij?
De Provinsjale ChristenUnie Fryslân bassearret har polityk boadskip op ‘e Bibel, it ynspirearjend en gesachhawwend Wurd fan ‘e libbene God. Hy hat de wrâld en alles wat dêrop libbet goed makke. Mar troch de sûndefal fan it earste minskepear is der in erflik brek kommen yn ‘e ferhâlding tusken God en minske en de minsken en de folken ûnder-inoar. Dat sjogge wy alle dagen om ús hinne yn natuer en miljeu, yn polityk en maatskippij, yn kultuer en media. Om te kommen ta in oplossing fan dat djip-yngreven sûndeprobleem hat God syn Soan Jezus Kristus as Rêder nei dizze ierde ta stjoerd. Dit Evangeelje hat net allinnich persoanlike mar sûnder mis ek politike konsekwinsjes.
Ien fan ‘e wichtichste is wol dat neffens de Bibel de oerheid de tsjinster fan God is, te’n goede fan ‘e boarger.

Foar it politike boadskip fan ‘e ChristenUnie/SGP betsjut dat trije dingen:
- Wy wolle ús der foar ynsette dat de oerheid en de maatskippij libje nei de noarmen en geboaden dy’t ús yn Gods Wurd jûn binne. Dat is ús noarm en ambysje.
- Wy beseffe dat de mooglikheden fan polityk en politike partijen net oerskat wurde moatte. In heilsteat kinne wy dêr net mei berikke. Dat makket ús nofteren.
- Wy sjogge yn Kristus en it goede Boadskip fan Syn Keninkryk en Syn rjochtfeardigens it bewiis dat de wrâld, nettsjinsteande it kwea dat der is, net troch God ferlitten is. Dat boadskip jout ús moed en ynspirearret ús!


Wat is it belang van provinsjale ferkiezings?
It provinsjebestjoer is in bestjoerslaach tusken ryk en gemeente, dy’t har ûnderskiedt troch in regyfierende, hanthavenjende en stjoerende rol. Hja hâldt har benammen dwaande mei de sosjale, fysike en ekonomyske ynfrastruktuer yn ‘e provinsje. De ChristenUnie/SGP set har yn om dy ynfrastruktueren hieltiten wer op-inoar ôf stimme te litten. Dêrneist fine wy it wichtich dat der nau kontakt is tusken de Provinsje en de gemeenten. Sa kin de Provinsje wurkje oan gebietsrjochte belied. Op harren beurt kinne Provinsjes, fia it IPO (Inter Provinciaal Overleg) pleitbesoargers wêze nei de lânlike polityk, op it mêd fan ferkear en ferfier en romtlike oardering bygelyks. Dêrneist hat de Provinsje eigen taken en ferantwurdlikheden op it mêd fan húsfêsting, ferkear en ferfier, ekonomy, natuer en lânskip, rekreaasje, kultureel erfguod, wetter en soarch en wolwêzen. Sa binne ek it jongereinbelied en it iepenbier ferfier koartlyn ûnder ferantwurdlikens fan ‘e Provinsje kommen. Koartsein, in soad saken wêrop’t de ChristenUnie/SGP in eigen lûd hearre litte kin. De provinsjale ferkiezings binne dus fan grut belang foar jo eigen leefomjouwing, it plattelân, de (lytse) doarpen, stedsjes en steden yn ús moaie en griene provinsje Fryslân mei romte en wetter.
De útslach fan ‘e provinsjale ferkiezings is net allinnich fan ynfloed op it tal ChristenUnie/SGP-sitten yn ‘e Provinsjale Steaten. De leden fan ‘e Earste Keamer wurde keazen troch de leden fan ‘e Provinsjale Steaten. Dêrom is de útslach fan de provinsjale ferkiezings ek fan grut belang foar de gearstalling fan de leden fan ‘e Earste Keamer. Jo stim telt dus dûbeld!


Makket in ChristenUnie/SGP steatelid safolle ferskil?
Ja. In ChristenUnie/SGP steatelid ûnderskiedt him/har as it nedich is fan oare steateleden. De ChristenUnie/SGP wol in dúdlik kristlik lûd hearre litte, dat trochklinkt yn har ynset foar de maatskippij, foar de publike belangen en foar de publike wearden. Dat lûd komt ta útdrukking yn ‘e spearpunten dy’t hjirnei behannele wurde, en de prioriteiten dy’t wy dêryn stelle. De ChristenUnie/SGP wol sa hieltiten tige dúdlik nei foaren bringe wêr’t hja foar stiet. Wy jouwe de foarkar oan ‘e beskerming fan it libben, oan goede soarch, oan gesinswearden, oan in goede ûnderlinge ôfstimming fan foarsjennings, oan in boer- en miljeufreonlik lânboubelied, oan it stimulearjen fan frijwilligerswurk en oan goed ûnderwiis dat oanslút by de fraach út ‘e maatskippij wei. De ChristenUnie/SGP set har ek yn foar in ynteger bestjoer en foar de leefberens fan lytse kearnen. Oan ‘e oare kânt binne der saken dêr’t wy folslein “nee” tsjin sizze. De ChristenUnie/SGP is tsjin in 24 oere-ekonomy, oantaasting fan goede seden, sportferdwazing, fertutearzing fan wenwiken, godslastering, it opheffen fan ynstellings dy’t oan in bepaalde identiteit bûn binne troch fúzjes ensafuorthinne. Op dat mêd wol de de ChristenUnie/SGP gjin skikkings dwaan.
In ChristenUnie/SGP steatelid wol dat dúdlike kristlike boadskip net allinnich mar útdrage op horizontaal flak, it giet him of har ek om it heech hâlden fan Gods Namme yn ‘e polityk. Op hokker grûn wurde de argumenten ynset, hoe stelt in steatelid him of har op ûnder de gearkomsten?
Sa sette ChristenUnie/SGP steateleden bygelyks yn op ‘e sosjale gearhing en de kwaliteit fan ‘e maatskippij. It rjochtsjen op jeften yn stee fan op prestaasjes is dêr ús útgongspunt by. In oar foarbyld is de leefberens yn ‘e maatskippij. It hanthavenjen en it foar in part wer werombringen fan it foarsjenningsnivo is bygelyks tige wichtich yn ‘e lytse kearnen. It giet om minsken en de minsklike mjitte. Mar it giet ek om ‘e trochwurking fan Gods leefregels (geboaden) yn ‘e provinsjale maatskippij. De ChristenUnie/SGP wol sa op provinsjaal nivo werkenber wêze as kristlike partij.



1. Algemien bestjoer



Trends en útgongspunten
Nederlân is een komplekse maatskippij, wêr’t alles mei-inoar gearhinget. Hieltiten mear pleatslike problemen hawwe in lanlike, Europeeske of sels mondiale diminsje. De regeljouwing is yngewikkeld en de ferantwurdlikheden fan ryk, provinsje en gemeente binne net altiten like dúdlik. De ChristenUnie/SGP stribbet nei dúdlike regeljouwing, ferantwurdlikheden dy’t goed te ûnderskieden binne en nei genôch bestjoerlike en finansjele ynstruminten. Wy sette ús yn om it gesach fan ‘e oerheid te ferhelpen en te hanthavenjen. De oerheid hat dat gesach fan God krigen en sil dêr hoeden mei omgean moatte. De oerheid moat dus betrouber (ynteger) wêze.

Spearpunten
1. De steateleden dy’t keazen binne foar de ChristenUnie/SGP binne oansprekber op dizze útgongspunten. Fansels ûnderskriuwe dy leden de provinsjale yntegriteitsferklearring. De provinsjale Steatefraksje stelt ek foar harsels in eigen yntegriteitsferklearring op, dy’t troch alle keazen ChristenUnie/SGPleden en ek harren fraksje-riedjouwers, ûndertekene wurde moat.
2. It provinsjebestjoer wurket aktyf oan in betrouwensrelaasje mei de boargers. By it ynfieren fan it saneamde dualistyske stelsel yn 2003, krije Steateleden neist kaderstellende, mear fertsjintwurdigjende en kontrolearjende taken. De ChristenUnie/SGP fynt soks in goede saak en wol dêrom wurkje oan in goed kontakt met de eigen efterban, mar ek mei oare boargers, ynstânsjes en organisaasjes. De ChristenUnie/SGP jout dêrom aktive foarljochting oer har taken en foech en de wurkwize fan it Provinsjebestjoer.
3. Ynteraktive beslútfoarming kin de kwaliteit fan it belied en it draachflak ûnder boargers fergrutsje. Dat betsjut dat al by it tarieden fan it belied goed harke wurdt nei de boargers, bedriuwen en organisaasjes. Dêrby moat de rol fan boargers en bestjoerders fan tefoaren dúdlik makke wurde, om oerspannen ferwachting en teloarstelling foar te kommen. Goed omskreaune stikken út it omjouwingsbelied, lykas lytse kearnebelied, bondeling fan wentebou en bedriuwen, belied dat rjochte is op in bepaald gebiet en yngripende ferkearsmaatregels liene harren goed foar ynteraktyf belied.
4. De ChristenUnie/SGP is waarm pleitbesoarger fan in fruchtbere wikselwurking tusken belied en behear, stêd en plattelân, natuer en lânbou, kultuer en lânbou, ekonomy en miljeu, boargers, boeren en bûtenlju, âlde en nije Friezen, dy’t in duorsume leefberens fan de Provinsje Fryslân te’n goede komt. Dêrta stelt de ChristenUnie/SGP har webside (www.fryslan.ChristenUnie.nl) beskikber, wilens de steateleden trochstrings, útsein sneins, berikber binne. Dêrneist geane de leden geregeld de provinsje yn om yn kontakt te kommen mei boargers, bedriuwen en organisaasjes.
5. De provinsjale bestjoerslaach moat wetlik fersterke wurde troch de oerdracht fan mear foech fan it ryk oan ‘e Provinsje. Mei it oerdragen fan dat foech moat tagelyk de finansjele posysje fan de Provinsje evenredich fersterke wurde.
6. Unbehindere it gesach fan ‘e nasjonale oerheid, is in slachfeardich bestjoer der mei holpen de beslútfoarming as it heal kin lokaal te litten wêr’t dat lokaal kin en provinsjale gebietsregy fuort te sterkjen wêr’t dat nedich is.
7. Gearwurking fan Provinsje en gemeenten hat de foarkar boppe bestjoerlike fúzjes dy’t fan boppe oplein wurde.
8. Oerlis binnen de provinsjale organen lykas IPO, SNN en NHI moat altiten oanfoljend wêzen op it politike primaat fan Provinsjale Steaten.
9. It beneamen fan de Kommissaris fan de Keninginne en boargemasters moatte oan it Haad fan ‘e Steat (KB) oerlitten wurde, ek om foar de ûnôfhinklikens fan dy beneamde bestjoerders yn te stean. De ChristenUnie/SGP wiist politike beneamings, dy’t ôfhingje fan de wikseljende politike dominânsje fan ien of inkele partijen yn ‘e Keamer, mei klam ôf.
10. De ChristenUnie/SGP is net foar it ferlytsjen fan Provinsjale Steaten.
11. De ChristenUnie/SGP set har yn foar konstruktive belutsenens bij de kolleezjefoarming. Dualisearring fan it provinsjaal bestjoer soe lykwols de opsje fan in opposysjerol nedich meitsje kinne.
12. De ChristenUnie/SGP ûnderstreket de wichtige rol fan provinsjeamtners by belied en bestjoer, kontakt mei boargers en bedriuwen en kontrôle fan provinsjale organisaasjes en gemeenten. Om dy rol noch dúdliker en konkreter foar it ljocht te heljen achtsje wy it winstich dat dy funksjonarissen oan in tal beropspraktykdagen (BPD’s) yn ‘e provinsje meidogge.




2. Iepenbiere oarder en feiligens



Trends en útgongspunten
De iepenbiere romte is fan ús allegearre, mar geweld, ûnfeiligens, fersmoarging en fersutering binne der de oarsaken fan dat guon minsken dy romten as hieltiten minder leefber ûnderfine. De ChristenUnie/SGP wol dy oarsaken mei klam bestride. Ynskewiele mei net. Wy pleitsje dêrom foar dúdlike regels en dy ek te hanthavenjen. De oerheid is net allinnich ferantwurdlik. Boargers, bedriuwslibben en maatskiplike organisaasje moatte mei-inoar harren mei-ferantwurdlik witte ta it fuortsterkjen fan ‘e leefberens. In leefbere publike maatskippij freget om in sterk noarmbesef by oerheden en boargers. De ChristenUnie/SGP wol it Provinsjebestjoer en de boarger dêr op oansprekke. By it ûnderhâlden en oerdragen fan noarmen en wearden is der benammen in taak weilein foar gesinnen en skoallen, mar ek foar tsjerken, sportferienings en oare maatskiplike organisaasjes. Allinnich prate oer wearden en noarmen is net genôch. “It is mei sizzen net te dwaan”, sizze wy yn Fryslân. Foar de ChristenUnie/SGP bliuwe de Tsien Geboaden heilsum foar it hiele folk.

Spearpunten
1. Yn gearwurking mei gemeenten wurde aktiviteiten opset om sinleas geweld tebek te kringen. Dêrby moat men ek sykje nei fûnemintele fragen oer djippere oarsaken fan dat geweld. De maatskippij wurdt dêr mei klam by belutsen.
2. De ChristenUnie/SGP stimulearret op provinsjaal nivo inisjativen dy’t rjochte binne op it gesinslibben en de belutsenens op-inoar yn ‘e maatskippij. Feiligens begjint yn it gesin!
3. De rol fan ‘e Provinsje om ‘e feiligens te hanthavenjen moat fersterke wurde, benammen by de koördinaasje fan boppelokale rampen en al sa mear is dat fan belang.
4. De ChristenUnie/SGP is der foar om ûndersyk te dwaan nei de mooglikheid om de Kommissaris fan de Keninginne as haad fan in provinsjaal yntegrearre en oanstjoerd plysjekorps oan te stellen. Sa wurket de Minister fan Ynlânske saken as foarsitter fan it lanlike trijehoeksoerlis fan provinsjale korpsbehearders, regionale korpssjefs en haadofsiers of Prokureur Generaal fan justysje.
5. Provinsjale en gemeentlike rampeplannen moatte geregeld hifke wurde op aktualiteit en effektiviteit. De plannen moatte boppedat op-inoar ôfstimd wêze. Dêrfoar is it nedich dat hieltiten wer besjoen wurdt hokker objekten risiko’s opleverje.
6. De provinsje is ferantwurdlik foar de planning en de sprieding fan it ambulânseferfier. De finansiering rint lykwols oer de soarchfersekerder. De ChristenUnie/SGP stipet de ûnderhannelings fan it IPO mei de minister om ek de finansiering by de Provinsje del te lizzen. Mei it yn ien hân lizzen fan ‘e planning, sprieding en finansiering, komt der in dúdlike, publike ferantwurdlikens nei de boargers ta.
7. It Provinsjebestjoer is aktyf belutsen by de fraach at de helpferlieningstsjinsten goed funksjonearje.


3. Ferkear en ferfier



Trends en útgongspunten
In goede en nijmoadrige ynfrastruktuer is fan belang foar it libben yn ús provinsje. Yn ús fisy is mobilens lykwols gjin “fun”, mar needsaak. De ChristenUnie/SGP lit har liede troch trije kritearia:
a. Feiligens, omdat dêr minskelibbens fan ôf hingje, b. miljeubelang, omdat wy te krijen hawwe mei Gods skepping en c. leefberens, omdat ferkear en ferfier ûnderdielen fan ús libbenspatroan wurden binne en needsaaklik binne foar de berikberens ûnder-inoar. Wy meitsje ús sterk foar in fynmazich iepenbier ferfier yn ús provinsje, by need troch de wei fan Kollektyf Fraachôfhinklik Ferfier, mar sjogge tagelyk de needsaak yn fan in goed en feilich wegenet. De oanlis fan kuier- en fytsrûtes kin ek op ús stipe rekkenje. De ChristenUnie/SGP is foar frachtferfier oer it wetter mei ynbegryp fan lytsskalige containeroerslachplakken “de wiete as” lâns. Berops- en rekreaasjefeart moatte as it heal kin skieden wurde.

Spearpunten
1. De ChristenUnie/SGP bliuwt foarstanner fan kategorisearring en weryndieling fan it wegestelsel neffens it konsept “duorsum feilich”. Yn dat konsept wurdt it tal deaden en swier ferwûne minsken yn it ferkear sinjifikant tebekkrongen. De kategorisearring jout in yndieling oan yn trije soarten diken, mei allegearre in eigen wize fan ynrjochting en linen. De ynrjochting fan ‘e dyk moat safolle mooglik de eigen ferantwurdlikens fan ‘e ferkearsdielnimmer stimulearje. Alle ferkearsdielnimmers kinne sa op elk momint sjen op hokker dyk hja binne en hoe hurd hja dêr op syn heechst ride meie.
2. Om de feiligens te ferbetterjen wurde de diken sa folle mooglik skieden foar ferkear dat hurd rydt en foar ferkear dat stadich rydt. De mooglikheid om it swiere lânbouferkear yn ‘e spitsoeren safolle mooglik fan ‘e trochgeande provinsjale diken te hâlden soe goed ûndersocht wurde moatte.
3. De diken en berms moatte op op ‘e tiid, goed en miljeufreonlik ûnderhâlden wurde.
4. De kontrôles op it te hurd riden yn it ramt fan Fryske Diken wurdt net mear útdrukt yn it tal beboete oertrêdings, mar yn it tal ûngemakken, dat dúdlik minder is op dy diken dêr’t kontrôles west hawwe. Flitspeallen liede ta ûnfeilich riden en moatte sa gau mooglik ferfongen wurde troch trajektkontrôles.
5. It tanimmen fan ‘e desintralisaasje fan it ferkears- en ferfiersbelied moat mank gean mei genôch finansjele middels yn it Provinsjefûns.
6. De ûnderfinings met PS-konstruksjes (Publiek-Private Samenwerkingsfinanciering) binne sa dat de ChristenUnie/SGP har tige efterhâldend opstelt by dy foarm fan finansiering fan iepenbiere wurken.
7. It ryk moat syn ferplichtings dy’t it tasein hat yn it ramt fan it Langmanakkoart neikomme. It oanlizzen fan in snelle spoarferbining tusken de rânestêd en Grinslân oer it Hearrenfean en Drachten is yn it foarste plak in ferantwurdlikheid fan it ryk. It op foarhân yn stean foar in substansjele bydrage yn ‘e kosten fan alle provinsjes apart wize wy ôf, of it moat wêze dat alle belutsen provinsjes en gemeenten, de rânestêd-oerheden Noard-Hollân, Haarlemmermeer en Amsterdam dêrby ynbegrepen, yn in dúdlike oerienkomst dochs noch de garânsje jouwe dat hja neffens it belang dêrfan bydrage. De ChristenUnie/SGP huldiget ek it stânpunt dat just yn it ramt fan it Langmanakkoart, in snelle spoarferbining tusken de rânestêd en it Noarden, nettsjinsteande de fariant, net yn Grinslân einigje kin mar trochlutsen wurde moat nei Bremen, Hamburg en Berlyn. Utspraken dy’t yn NHI-ferbân dien binne wize dêr ek op. It giet hjir ommers net allinne mar om in nasjonaal, mar prinsipieel ek in Europeesk belang, dêr’t Europeeske fûnsen foar beskikber steld wurde moatte.
8. Provinsjale foarfinansiering foar it útfieren fan ryksprojekten is de lêste jierren mear regel as útsûndering wurden. De ChristenUnie/SGP pleitet der foar dat ek wat de finânsjes oangean de ferantwurdlikens by de oanbelangjende oerheid bliuwt.
9. De ChristenUnie/SGP wol it om ‘e nocht brûken fan ‘e auto ûntmoedigje. Kollektyf ferfier moat dêrta oanloklik en effektyf wêze troch jildstream en tsjinstregelings fan spoar- en busferbinings te yntegrearjen bygelyks.
10. De ChristenUnie/SGP is foar in proefprojekt fan fergees mei it iepenbier ferfier, op it trajekt Stiens-Ljouwert bygelyks.
11. Files kinne wy tsjingean mei te soargjen fan genôch trochstream op trochgeande diken. Kapasiteit en ferkearsyntinsivens moatte dêrom op-inoar ôfstimd wêze. Diken wurde as it heal kin om wenkearnen hinne laat.
12. Nije diken moatte sa min mooglik troch It lânskip snije. Wannear’t bliken docht dat der net genôch diken binne jout de ChristenUnie/SGP de foarkar oan it ferbetterjen en as it nedich is oan it ferbreedzjen fan besteande diken. Soenen dy mooglikheden net genôch soelaas jaan dan wurdt by nije trochsnijings de besteande dyk yn dy regio opromme of ta in fytspaad makke.
13. Eartiids waarden der fytspaden oanlein. De ChristenUnie/SGP wol fan hjoed ôf mear fytsdiken en haadfytsdiken oanlizze litte; dat wol sizze trochgeande fytsrûtes bûten de beboude kom.
14. Om it efterbliuwen fan ekonomysk swakkere regio’s foar te kommen, stribbet de ChristenUnie/SGP nei in reële ferbettering fan de ûntsluting fan Noard East Fryslân troch faasje te setten efter it oanlizzen fan de “Sintrale As”. Sa wurdt tefoaren kaam dat wurkgelegenheid út dizze kontreien nei oare plakken giet. Wannear’t troch it oanlizzen fan in nij trasee stikken natuergebiet trochsnien wurde, moat dêr kompensaasje foar socht wurde.


4. Wetterhúshâlding



Trends en útgongspunten
Wetter nimt yn Fryslân in wichtich plak yn. It is letterlik fan libbensbelang foar minske en natuer. Wetter fertsjinnet dêrom romte: romte foar wetter! Der binne twa bedriigjende ûntwikkelings dy’t ynfloed hawwe op ‘e takomst. Oan ‘e iene kânt is dat it útdroegjen dat hieltiten slimmer wurdt. Oan ‘e oare kânt is dat de ferwachting dat it ekstreme reinwetter neist it sakjen fan ‘e grûn en it omheech gean fan ‘e seespegel jammerdearlik wêze kin foar ús lege lantsje. Dat is de reden dat wetter in ûnderlizzer wurde moat foar oare beliedsterreinen. Wetter moat op in goede wize fêsthâlden, opslein en ôffierd wurde. Yn dy folchoarder dus de trits: Fêsthâlde – bergje – ôffiere.
Dêr moatte oerringebieten foar oanwiisd wurde yn natuergebiet bygelyks. De ChristenUnie/SGP pleiteit foar in goede skearegeling foar lâneigners en pachters dy’t harren lân foar dizze wetteropfang beskikber stelle moatte en tagelyk omtinken foar bewenners fan huzen en pleatsen yn ‘e oanwezen polders. It ferbetterjen fan diken en it ferheegjen fan kaaien binne neist ûndersyk nei it goede plak foar ien of mear gemalen, ek punten dêr’t hyltiten omtinken oan jûn wurde moat. Dêrby is it wichtich foar de ChristenUnie/SGP dat lânskiplike en kultuerhistoaryske wearden beskerme wurde.

Spearpunten
1. Yntegraal wetterbehear bliuwt it útgongspunt. Wetter jildt teffens as wichtich beoarderjend prinsipe yn ‘e romtlike oardering. Lânskiplike en Kultuerhistoaryske wearden moatte beskerme bliuwe.
2. It ynfieren fan it saneamde wetterspoar wurdt fuortsterke. Dêrby wurde troch gemeenten rioelrjochten keppele oan wettergebrûk. It Provinsjebestjoer kin dêryn in goede regyrol ynnimme, mei it stimulearjen fan it op ‘e nij brûken fan himelwetter.
3. De Provinsje moat nei oanlieding fan it mislearre BOR-F (Bestuurlijk Overleg Riolering Fryslân), troch gean mei in stûfe regyfiering, troch gebietsrjochte foarmen fan bestjoerlik oerlis te stimulearjen. Under provinsjaal tafersjoch soargje gemeenten en wetterskippen foar in snelle sanearring fan alle rioeloerstoarten dy’t noedlik binne yn it bûtengebiet foar 2005. In al te frijbliuwende oanpak is dêrby mei it each op ‘e folkssûnens net winske.
4. Ien provinsjaal all-in wetterskip behertiget ûnder provinsjale superfyzje, likegoed de behears- as de suveringstaken fan ‘e provinsjale wetterhúshâlding.
5. It solidariteitsprinsipe moat mei klam opnommen wurde yn ‘e omslach fan ’e finansiering fan ‘e wetterskipslesten.
6. It farber hâlden fan ‘e Fryske wetters en it ûnderhald fan wetterkearings en wâlen kostet in soad sinten. De heffing fan ‘e wetterskipslesten moat by it Wetterskip Fryslân bliuwe.
7. It falt te besjen oft der mei in wetlike regeling in farbelesting ynfierd wurde moat en it brêgejild ôfskaft wurde moat.
8. Romte foar wetter betsjut net dat de gebieten efter de diken en kaaien yn gefaar binne. It betsjut wol dat de folchoarder: fêsthâlde, bergje en ôffiere fan oertallich wetter yn acht nommen wurde moat.
9. Neist wetterbergingspolders moat de needsaak fan nije gemalen by de Iselmar en de Waadsee yn gearhing mei oare needsaaklike feilichheidsmaatregels en goede ôfstimming mei alle belutsen oerheden mei klam ûndersocht wurde.


5. Miljeu



Trends en útgongspunten
De bibelske opdracht om te bouwen en te bewarjen foarmet de gûnslach fan it provinsjaal miljeubelied. Dat betsjut dat wy de wrâld net eksploitearje mar dat wy har, neffens goed rintmasterskip, beheare moatte. Sa moatte wy grinzen stelle oan ús konsumpsjebehoefte. De ChristenUnie/SGP konstatearret dat prioriteit jaan oan ekonomyske belangen desastreuse gefolgen hawwe kin foar it miljeu en foar de sûnens fan ‘e minsken en ‘e bisten. De ChristenUnie/SGP wol dêrom in dúdlike kar meitsje wêrby’t net allinnich de belangen fan ús generaasje telle, mar ek dy fan ‘e generaasjes dy’t nei ús komme.
Op it mêd fan miljeu is it wichtich dat der in goede kommunikaasje is tusken de wetjouwer en de útfierder. It kin net sa wêze dat op papier alles goed regele is, mar dat yn ‘e praktyk in soad talitten wurdt. Op it mêd fan hanthaving fan miljeufergunnings past net in ynskewielkultuer. Hjir jildt ek: ynskewiele mei net. Oan it neilibjen fan regeljouwing docht in feech-op-fyt-belied derta.

Spearpunten
1. De ChristenUnie/SGP stimulearret duorsum bouwe mei it stellen fan strange easken oan bestimmingsplannen. Miljeu- en enerzjyfreonlik bouwe hat in hege prioriteit.
2. De Provinsje moat soargje foar genôch kapasiteit foar it stoarten fan restôffal tsjin doelmjittige tariven. Sa soe it stoarten net te goedkeap wurde moatte. De Provinsje siket ek mei faasje stoartplakken út foar bagger.
3. De Provinsje stimulearret de eigen ferantwurdlikens en it miljeubewustwêzen fan boargers en (lânbou)bedriuwen mei kursussen en BedrijfsInterne Milieuzorg (BIM). Foarljochting en edukaasje kinne it draachflak foar swierdere miljeumaatregels fergrutsje.
4. It provinsjaal dong- en ammoniakbelied moat gebietsrjochte en yn ynteraktive gearwurking mei alle belutsen lânbou-, natuer- en miljeuorganisaasjes opsteld en evaluearre wurde en at soks winske wurdt oanpast wurde.
5. De Provinsje fiert in stringint belied op it mêd fan bûtenreklame en hoarizonfersmoarging oan ‘e provinsjale diken en yn it iepen Fryske lânskip.
6. It sanearjen fan fersmoarge grûn moat flugger gean. Mear fersmoarging moat tsjingien wurde fansels. Rioeloerstoarten passe net mear yn dit belied.
7. De Provinsje wurket fûl mei oan it tapassen fan duorsume enerzjy. Foar sinne-enerzjy liket op dit stuit mear draachflak te bestean dan foar wynenerzjy. Dat nimt net wei dat kânsrike wynenerzjyprojekten net op foarhân samar ôfwiisd wurde moatte. It provinsjale belied op dat punt moat op ‘e nij oan ‘e oarder komme. Plannen op it mêd fan sinne-enerzjy fertsjinje rojale stipe fan ‘e Provinsje.
8. Wêr’t de ryksoerheid stekken falle lit op it mêd fan oanien sletten rûnten mei natuerlike wearden, lykas ekologyske haadstruktuer en wiete as, bliuwt it provinsjale stribjen rjochte op it ferwêzentlikjen fan soksoarte sônes.


6. Ekonomyske saken en sônebelied



Trends en útgongspunten
Ekonomyske ûntwikkeling heart binnen it ramt fan it rintmasterskip fan ‘e minsken ta de kultueropdracht om de ierde te bebouwen en te bewarjen. Dêrby wolle wy lykwols ek it boadskip “genôch is genôch” útdrage. De ekonomyske, sosjale en kulturele dynamyk fan ‘e Nederlânske, mar ek yn ‘e Fryske steden en yndustrysônes, kinne in hege tol easkje yn ‘e persoanlike libbenssfear. Der binne tefolle minsken dy’t lêst hawwe van psychyske problemen, arbeidsûngeschiktens en stress. De ChristenUnie/SGP is tsjin in 24-oere ekonomy, mei útsûndering fan de sektoaren dy’t wurkje en tsjinstferliene needsaaklik meitsje, lykas (lânbou), iepenbiere oarder, feiligens, soarch en ferfier.
De maatskippij soe har kollektive rêstmominten, lykas de snein, koesterje moatte en ferdigenje. Just yn Fryslân, lân fan rêst en griene romte, soe dat in gewoane saak wêze moatte!
Wurkleazens bliuwt ûnder bepaalde groepen in punt fan omtinken. Benammen minsken dy’t al in skoft sûnder wurk sitte fertsjinje bysûnder omtinken. Dêr wurde ek provinsjale fûnsen foar brûkt. De taken fan ‘e Provinsje op it sosjaal-ekonomysk mêd befetsje ek it skeppen fan betingsten ta in optimale ûntwikkeling op it mêd fan wurkgelegenheid, arbeidsmerk en bedriuwslibben. De Provinsje hannelet dêrby ynliedend, stimulearjend en koördinearjend.

Spearpunten
1. Lânbou en MKB binne wichtige dragers van it ekonomysk bestel yn ‘e Provinsje Fryslân. De lânbou is de drager fan it plattelân en in sûn MKB de ekonomyske peiler fan it stedsgebiet.
2. De Provinsje befoarderet yn Fryslân maatskiplik ferantwurd ûndernimmen, dúdlike prosedueres by miljeufergunnings en in goed fêstigingsklimaat foar bedriuwen.
3. De berikberens fan ‘e bedriuwsterreinen oer wetter moat mei klam foarrang krije. Ek moatte yn ‘e yndustriële sônes mear ûndergrûnske parkear- en multyfunksjonele oerstapplakken (transferia) oanlein wurde.
4. De ChristenUnie/SGP underskriuwt mei hert en siel it tusken Ryk en Provinsje sletten Langman-akkoart en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) en de dêryn útstelde romtlik-ekonomyske gebietsyndieling tusken:
a. yndustriële sônes: Westergoasône op ‘e as Ljouwert-Harns en de A7-sône tusken Drachten en Snits;
b. it stedsgebiet;
c. it plattelân;
en de claim fan tsien miljard gûne (455 miljoen euro) foar romtlik-ekonomyske fersterking fan it Noarden. De ChristenUnie/SGP wol dat dat akkoart troch it Ryk ûnfermindere neikommen wurdt, nettsjinsteande de politike gearstalling fan ‘e regearing.
5. De ChristenUnie/SGP stipet de provinsjale konvenanten, lykas it Stedskonvenant mei Ljouwert en de gearwurking mei de gemeenten dy’t der om hinne lizze yn ‘e Stedsregio en Westergoasône, en it A-7 konvenant. Wy stelle dêrby as prioriteiten saken lykas fersterking fan ‘e eigenens en it ferskaat fan alle partners dy’t dêroan meidogge, berikberens, feiligens, genôch wenten foar it wenteferlet en oanslutend op ‘e wurkgelegenheid, en ek genôch multyfunksjonele sintra foar soarch- en tsjinstferliening yn wenwiken en doarpen. Mar wy binne gjin foarstanner fan prestiizjeprojekten dy’t net passe by it aard en de skaal fan dizze provinsje.
6. De ChristenUnie/SGP is der foar om stipe oan prestiizjeprojekten dy’t net effektyf binne en in soad jild kostje ôf te bouwen. Europeeske, lanlike en provinsjale stipemaatregels oan ekonomyske projekten dy’t kâns fan slagjen hawwe en realistysk binne, moatte troch de Provinsje as regionale gebietsautoriteit it gebiet yn gearwurking met de oanbelangjende gemeenten koördinearre wurde (ien-loket-funksje).
7. De Provinsje befoarderet, at hja dêr it foech ta hat, de arbeidspartisipaasje fan sosjaal swakkere groepen, lykas persoanen mei in ôfstân ta de arbeidsmerk (handikapten, wurkleazen dy’t al in skoft sûnder wurk binne) en allochtoanen.
8. Sosjaal-ekonomysk swakkere regio’s, lykas Noardeast-Fryslân, wurde troch de Provinsje stipe, troch gebrûk te meitsjen fan ekonomyske stimulearringsregelings dy’t dêr apart foar makke binne.
9. De binnenfiskerij is ien fan ‘e kultuerhistoaryske beroppen yn ús provinsje dy’t oerbleaun is. It ferline hat sjen litten dat om in sûn fiskerijbedriuw yn stân te hâlden it fiskjen op skobfisk needsaaklik is. Om in relaasje te krijen tusken ekonomysk gewin en de behearsfiskerij moat de Provinsje it oerlis tusken binnenfiskers en sportfiskorganisaasje (VBC) stimulearje. Fiskstreuperij moat hurd oanpakt wurde.
10. De provinsje stimulearret agrarysk en kultuertoerisme en sil foarmen fan rekreaasje dy’t lûdoerlêst en ûnfeiligens yn ‘e omjouwing jouwe, tsjingean.
11. Der moat bysûnder omtinken wêze foar de aspekten promoasje, ûndersyk en foarljochting by toerisme en rekreaasje, dêr’t by foarkar in provinsjale VVV in wichtige rol by ferfollet.


7. Lânbou en lanlik gebiet



Trends en útgongspunten
De agraryske sektor is fanwege de itensfoarsjenning, it natuerbehear, “recycling” en as leveransier fan grûnstoffen ûnmisber foar ús maatskippij. De sektor fertsjinnet in folweardich plak te hâlden yn ‘e Provinsje Fryslân. Dêrom komt de ChristenUnie/SGP yn dizze Steateperioade mei in lânbounotysje. Ferweevje fan lânbou, natuer en lânskip is wichtich foar agrariërs en de ChristenUnie/SGP stimulearret dat proses as it mooglik is mei finansjele stipe. Mei troch in trochsketten skaalfergrutting binne it op it heden drege tiden foar de lân- en túnbou. De Provinsje moat dêr duorsum perspektyf foar oanbiede wolle. Dêrby bliuwt de ûnbrekbere bân dy’t de lânbou mei de skepping ferbynt. Dêrta wol de ChristenUnie/SGP fan de bybelske rjochtfeardigens en de opdracht om talinten te brûken út safolle mooglik agraryske bedriuwen mei ynbegryp fan dieltiid- en hobbyboeren, behâlde. Dat is ek wichtich foar de wurkgelegenheid yn ‘e sektor en de bedriuwen dy’t dêrmei gearhingje. Om de skea fan net ferantwurde oerproduksje te beheinen, sille wy it belied ombûge moatte nei de ekonomy fan it genôch.
At ‘e Provinsje mei it each op natuerûntwikkeling beheind belied opstelt, dêr’t agrariërs skea fan krije kinne, moatte der reële fergoedings jûn wurde. Om stêdebou (read) meibetelje te litten oan natuerûntwikkeling (grien) moat der in priisbepaling komme foar grûn op basis van ‘e hjoeddeiske bestimmingswearde. De priis fan grûn foar natuer moat dêrby sa wêze, dat de boer in lykweardich stik agraryske grûn werom keapje kin. De ChristenUnie/SGP is fierders foar in iepen romme heffing foar oare dan agraryske bestimmingen. Dy heffing makket lânbougrûn djoerder. Sa wurde gemeenten stimulearre om (wêr mooglik en ferantwurde) binnen de beboude kom wenten te bouwen, foardat útwreidingslokaasjes yn byld komme.
De Provinsje moat it partikulier behear fan natuergebieten stimulearje, mei der in reedlike fergoeding tsjinoer te setten. De kwaliteit fan it behear moat dêrby op it foarste plak komme. As it sa útkomt ferlient de Provinsje in substansjele bydrage yn ‘e oankeap en it behear fan soksoarte gebieten.

Spearpunten
1. De ChristenUnie/SGP stipet it provinsjale gebietsrjochte belied dat ynset is en bepleitet it fuortsetten fan ‘e stimulearingsregeling plattelânsprojekten foar de lytse doarpen.
2. Iepenbier ferfier neffens de kearn is basisbetingst foar goede plattelânsûntwikkeling.
3. Om de leefberens fan it plattelân fuort te sterkjen set de ChristenUnie/SGP yn op in stûf lyts kearnebelied. Der moat neffens de kearn boud wurde. Ynbreidzjen giet foar útwreidzjen, al liene net alle plakken har foar bebouwing.
4. Yn gearwurking mei gemeenten, bedriuwslibben en oar partikulier inisjatyf wurdt socht nei mooglikheden om basisfoarsjennings yn lytse kearnen te behâlden of op ‘en nij te fêstigjen. Dêrby kin tocht wurde oan stimulearringsmaatregels foar multyfunksjonele tsjinstesintra yn kombinaasje mei in streeksuper yn ‘e lytse doarpen, ek mei it each op it ôfremjen fan it autogebrûk.
5. Agraryske gebouwen dy’t frijkomme en dy’t troch it beëinigjen fan it bedriuw foar oare doelen bestimd wurde, meie út noch yn net de mooglikheden fan de omlizzende agraryske bedriuwsfiering beheine. Der moat ek in omjouwingstoets hantearre wurde, om ferkears-, stank- en/of lawaaioerlêst foar te kommen. Bedriuwen dy’t gjin agraryske bestimming hawwe (lykas autohannels) hearre yn begjinsel net thús yn it bûtengebiet, mar op de dêrfoar ornearre bedriuwsterreinen. Om foar te kommen dat belizzers en projektûntwikkelers allegearre agrarysk gebiet opkeapje fan boeren dy’t harren bedriuw beëinigje sjocht de Provinsje op gemeenten ta dat ynskewielsitewaasjes of grûnspekulaasje tsjingien wurde. Fryslân is in agraryske provinsje en dat moat sa bliuwe!
6. De ûntwikkeling fan biologyske en ekologyske tyltmetoades en produkten, as ferriking en alternative mooglikheid om de libbensfetberens fan ‘e sektor as gehiel te fersterkjen, moat oan de produksjekant likegoed as oan de konsumpsjekant stimulearre wurde. Dêrta soe it Provinsjebestjoer ien of mear stimulearringsprizen foar ynnovative en maatskippij- en miljeufreonlike technology’s en ôfsetmooglikheden ynstelle kinne.
7. De Provinsje kin ek yn har omgean litte in subsydzje yn te stellen foar ferienings, dy’t harren dwaande hâlde mei it stimulearjen fan it hâlden fan seldsume Fryske diersoarten dy’t yn ‘e gefaresône ferkeare.
8. Utsein de lânbou yn romme sin binne ek provinsjale ynstellings lykas It Fryske Gea en de Fryske Miljeufederaasje wichtige behearders fan de wearden fan it Fryske lânskip. De ChristenUnie/SGP is foarstanner fan in yntegraal belied en behear fan it Fryske lanlike gebiet, yn gearspraak mei alle belanghawwers.
9. De ChristenUnie/SGP is waarm foarstanner fan ferbreding yn ‘e lânbousektor, om neist de projekten van agrarysk natuerbehear dy’t al rinne, oare mooglikheden te ûndersykjen. Nije maatskiplike dwersferbinings, lykas it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan in Stichting Vrienden van het Platteland fertsjinje provinsjale stipe.
10. De ChristenUnie/SGP bepleitet a. it oprjochtsjen fan in provinsjaal agrarysk steunpunt foar boeren dy’t yn beried hawwe om harren bedriuw te splitsen, of b. it stimulearjen fan in provinsjale bedriuwsopfolgingsbeurs, om agrariërs mei gjin opfolger en opfolgers sûnder in bedriuw te keppeljen.
11. Provinsjaal oerlis mei de sektor moat mei alle lânbouorganisaasjes plakfine yn in Frysk Lânbouberied, wêr’t neist NLTO ek RMU, GMV, NAV, NAJK, NMV en de Fryske ôfdieling fan het KLB in sit yn hawwe.
12. By it ynstellen fan in skeafûns yn ferbân mei ekstreem waar, moat it kritearium jilde dat bedriuwen dy’t in fergoeding krije, sels genôch ynfrastrukturele maatregels op it mêd fan wetterôffier (omlizzen fan kavels en ferlytsjen fan perselen) nommen hawwe. Wannear’t net oan dy betingst foldien wurdt, wurdt der in koarting jûn.
13. De Provinsje giet yn har romtlik belied it ûntstean fan megabedriuwen yn ‘e greidbuorkerij tsjin. Provinsjale maatregels op it mêd fan ‘e lânbou wurde safolle mooglik rjochte op it fersterkjen fan ‘e posysje fan lytsere en middelgrutte bedriuwen, troch provinsjale subsydzjes oan in passend maksimum te binen bygelyks.
14. It fuortbestean fan in oan de nije miljeu-easken oanpaste feemerk yn of lichtwol sels better bûten Ljouwert, mei it each op it karakter fan in feemerk en de minne berikberens, moat yn gearwurking mei alle belutsen partijen ek foar de takomst feilich steld wurde.
15. De túnbou ûnder glês moat fierder konsintrearre wurde yn dy gebieten dy’t dêrta útsocht en oanwiisd binne, om it iepen karakter fan Fryslân te hoedzjen foar nuvere glêsbousels.
16. Yn 2003 it Jier fan ‘e Buorkerij, bepleitet de ChristenUnie/SGP it behâld fan safolle mooglik kwalitatyf karakteristike pleatsen, dy’t de identiteit fan it Fryske plattelân mei foarm jûn hawwe. De Provinsje stelt dêr romhertich in Frysk pleatsefûns foar yn.
17. De ChristenUnie/SGP is foarstanner fan it fuortsetten fan ‘e unike Fryske tradysje fan aaisykjen, mei in gruttere rol fan ‘e BFVW, wêrby’t it sykjen fan ljipaaien mei klam keppele is oan ‘e neisoarch fan greidfûgels.


8. Soarch, wolwêzen en kultuer



Trends en útgongspunten
De ChristenUnie/SGP is fan betinken dat by wolwêzen it provinsjaal belied rjochte wêze moat op it stimulearjen en stypjen fan ‘e eigen ferantwurdlikens. De hjoeddeiske tendinsen fan yndividualisme, ferienliking, opfiedingsproblemen, sinleas geweld, kriminaliteit, materialisme en ferfal ta ferslaving, freegje neist dit betingstenskeppend belied, ek goede en profesjonele help.
Belied heart net inkeld en allinnich yn te stekken op problemen, mar ek op eigen kapasiteiten en ferantwurdlikheden. De soarch foar de jeugd is yn it foarste plak in ferantwurdlikheid fan ‘e âlden. As dy it net mear oprêde, is profesjonele help nedich – op ‘e tiid, tichtby en net te lang.
Us handikapte meiminske is likegoed in unyk skepsel fan God, dy’t binnen syn of har eigen mooglikheden en beheinings yn steat steld wurde moat him of har te ûntjaan. It tanimmen fan ‘e ûntgriening en ‘e fergrizing yn ús lân, freget ek fan ‘e Provinsje ekstra omtinken.
Keunstuterings binne yn ús fyzje net boppe God en Syn gebod ferheven, mar hearre ta de jeften dy’t God oan minsken jout. Keunst en Kultuer fertsjinje in grutte uteringsfrijheid. Mar de ChristenUnie/SGP is der foar dat yn it provinsjale subsydzjebelied normearjende betingsten oan it takennen fan in stimulearingsbydrage ferbûn wurde.
Op it mêd fan soarch en wolwêzen is in fermindering fan ferpyldering yn regeljouwing needsaaklik. It belied moat rjochte wêze op ‘e fraach nei soarch. Gearwurking fan útfierende organisaasjes moat beleane wurde. Net de kontinuiteit fan ‘e ynstelling moat sintraal stean, mar it resultaat nei de boargers ta. De ChristenUnie/SGP wol sosjale rjochtfeardigens foar alle minsken yn ‘e Fryske maatskippij.

Spearpunten
1. De Provinsje haldt it proses fan oerlis en gearwurking tusken maatskplike organisaasjes en steunfunksjeorganisaasjes op it mêd fan soarch, wolwêzen en kultuer yn ‘e rekken en stimulearret in ynteraktive ynbring.
2. It ynstrumint fan ‘e regiofisy moat wetlik ferankere en fersterke wurde, om sa regionale fraachstikken op it mêd fan soarch en wolwêzen effektyf koördinearje en regissearje te kinnen.
3. Mei klam moat út it eachtpunt fan fraachstjoerde soarch en helpferliening ek genôch plak bean wurde oan identititeitsbûne soarch- en helpferlieningsynstellings.
4. Ta it oplossen fan knipepunten yn ‘e soarch stelt de Provinsje alle jierren in soarchbudzjet fêst, om konkrete projekten en aktiviteiten op it mêd fan soarch te subsidiearjen. Dêrby kin tocht twurde oan projekten en aktiviteiten op it mêd fan folkssûnens, handikaptebelied, âldereinbelied, palliative soarch, jeugdhelpferliening en maatskiplike soarch, dy’t rjochte binne op konkrete ferbetterings fan it foarsjenningsnivo yn ‘e Provinsje Fryslân.
5. Werkenbere en leechdrompelige jeugdsoarch tichtby de soarchfreger, troch desintrale konsultaasjepunten yn ‘e provinsje, fine wy wichtich. By dy foarm fan jeugdhelpferliening moatte ek (identiteitsbûne) organisaasjes dy’t lanlik wurkje belutsen wurde.
6. De ChristenUnie/SGP pleitet foar previntive jeugdsoarch. It is saak om yntiids efterstân en eventuele ûntspoaring oan te pakken. Gearwurking mei gemeenten, skoallen en jeugdhelpferliening is dêrby fan grut belang. Undersyk nei nije mooglikheden om oan de fraach nei pleechgesinnen te foldwaan is winske.
7. De ChristenUnie/SGP stimulearret de saneamde mentorprojekten om útfal op skoallen tsjin te gean. De Provinsje moat ek yn har belied mei klam omtinken jaan oan spesifike doelgroepen lykas swerfjongerein, lju dy’t ferslave binne, jonge asylsikers en allochtoane jongeren.
8. De ChristenUnie/SGP makket har sterk foar ekstra omtinken foar de húsfêsting en soarchferliening foar de âlderein. Wêr’t it mooglik is moat de Provinsje projekten ûnderstypje en stimulearje, wêrtroch âlderen langer op harren sels wenjen bliuwe kinne. Der wurdt dêrby tocht oan it oanpasber bouwen fan wenten foar jong en âld, multifunksjonele soarchsintra, netwurken fan aldereinsteunpunten en oare nuttige inisjativen.
9. Soarch neffens de mjitte is tige wichtich. Der moat dêrom goed oerlis wêze tusken Provinsjebestjoer, gemeenten, soarchoanbieders, âldereinbûnen en it PPCP (Provinciaal Patiënten Consumenten Platform). Inisjativen om te kommen ta it oprjochtsjen fan âldereintehuzen wurde ek tige ûnderstipe. De posysje fan allochtoane âlderen fetsjinnet ek bysûnder omtinken.
10. De Provinsje hat in planningstaak op it mêd van it stiftsjen fan deiferbliuwen en gesinsferfangende tehuzen foar handikapten. De ChristenUnie/SGP wol dat de Provinsje romte hâldt foar ynstellings dy’t op grûn fan in eigen identiteit funksjonearje.
11. De Provinsje kin in stimulearjende en fasilitearjende rol spylje yn it ta stân kommen fan soarchbuorkerijen, dêr’t (eks-)psychiatryske pasjinten, lju dy’t ferslave binne, (ferstanlik) handikapten of âlderein in sinfolle deibesteging oanbean wurdt. De Provinsje sil ek har regissearjende taak as yntermediêre oerheid wiermeitsje moatte, om it dakleazefraachstik dat hieltiten tanimt, provinsjebreed yn kaart te bringen. Yn gearwurking mei helpferlieningsynstellings lykas GGZ-Fryslân en SMO De Terp, en Soarchfersekerders en gemeenten moat it Provinsjebestjoer soargje foar effektive fasilitearring fan ‘e helpferliening. Sa soe yn ‘e fraach nei dy yntinsive foarmen fan begelieding foarsjoen wurde en wachtlisten ynkoarte wurde.
12. Persoansbûne budzjetten foar meardere groepen freegje bysûnder omtinken fan ‘e Provinsje. De ChristenUnie/SGP wol dat mei hert en siel stypje.
13. Yn gearwurking mei it Ryk, gemeentlike oerheden en allochtoane selfhelporganisaasjes befoarderet de Provinsje it ynboargerjen en yntegrearjen fan allochtoanen yn ‘e Fryske maatskippij. Efterstannen yn ûnderwiis, wurkgelegenheid en oplieding moatte sa goed mooglik ynhelle wurde.
14. It behâlden fan in eigen kulturele belibbing binnen de grinzen fan ‘e Nederlânske wetjouwing is foar de ChristenUnie/SGP it útgongspunt. Dat dy grinzen ek goed hanthavene wurde is yn it belang fan ferdraachsumens en respekt tusken de ferskate befolkingsgroepen. Wy stypje belied foar helpferliening oan slachtoffers fan yllegale frouljuhannel (Aisja).
15. De Provinsje Fryslân moat in koördinearjende rol spylje oangeande de opfang fan asylsikers en flechtlingen.
16. It ûnderstypjen fan frijwilligersorganisaasjes en saakkundichheidsbefoardering fan frijwilligers fertsjinje omtinken fan ´e Provinsje en jildlike stipe.
17. De ChristenUnie/SGP hat in soad respekt foar it grut tal mantelsoargers yn ‘e provinsje. In platfoarm mantelsoarch, kontaktpunt mantelsoarch en steunpunten foar mantelsoargers fine wy tige wichtich. Omtinken fan ‘e Provinsje bliuwt nedich.
18. De provinsjale ChristenUnie/SGP is foarstanner fan it goed effektuearjen fan ‘e Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer mei it Ryk. De Posysje fan it Frysk yn skoallen en maatskippij moat fersterke wurde. Dêr hawwe de provinsje en de gemeentlike oerheden in foarbyldfunksje by. Wy binne der foarstanner fan om oan nije ynwenners in taalkursus oan te bieden. De Stifting GCO Fryslân, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân ferfolje in bysûndere, ûnderstypjende rol bij it fuortsterkjen fan ‘e posysje fan ‘e Fryske taal en kultuer. Derneist fertsjinje ek oare regionale talen lykas it Nedersaksysk Stellingwarfs, it eilanner en it Biltsk provinsjale stipe.
19. De Frysk deiblêdparse moat ek alle jieren in strukturele provinsjale bydrage krije foar har aktiviteiten ta it fersterkjen fan ‘e posysje fan de Fryske taal en kultuer yn ‘e maatskippij.
20. It Frysk Museum mei syn hjoeddeiske karakteristike pannen oan ‘e Tweebaksmarkt kin neist mooglike nijbou bestean bliuwe.
21. It doel fan in mearjierrich kultuerbelied moat rjochte wêze op it fergrutsjen fan ‘e kultuerdielname fan aparte doelgroepen. Der moat ek mear romte wêze foar ferskate foarmen fan amateurkeunst.
22. De Provinsje hat in stimulearjende en fasilitearjende rol op it mêd fan amateursport, yn it bysûnder foar Frykse folkssporten en handikaptesport.
23. De ChristenUnie/SGP wol in kultuerdebat fuortsterkje oer noarmen en wearden yn ‘e keunst en de rol fan ‘e provinsjale oerheid dêryn. Hja bepleitet de ynstelling fan in provinsjale advyskommisje ta it begeunstigjen fan etyk en maatskiplike kwaliteit yn bedriuwen, kultuer en maatskppij. Dy advyskommisje hat de taak (frege as net frege) te advisearjen oangeande:
a. diskriminearjende en kwetsende útlittings foar godstsjinstige, etnyske en oare minderheden;
b. it tsjingean fan flokken, ferbale agresje en fize wurden yn media, keunst- en kultuerproduksjes;
c. it fuortsterkjen fan it neilibjen fan algemiene regels fan maatskiplike en etysk noarmbesef, fatsoen, beskaving, hoflikens en respekt yn ‘e omgong mei de neiste en yn relaasje ta de oerheid;
d. de bibelske tsien geboaden binne wichtich foar in goed funskjonearjende maatskippij. Wy binne der fan oerstjûge dat at de oerheid en de boargers de wurden fan ‘e Bibel wier besykje nei te libjen, it der in stik better út sjen sil yn ‘e maatskippij.


9. Romtlike oardering en Folkshúsfêsting



Trends en útgongspunten
It romtlik belied moat ek brûkt wurde by de opdracht oan ‘e minske om as rintmaster de ierde op in ferantwurde wize te ûntwikkeljen en te behearen. Yn Fryslân is der noch gjin tekoart oan romte, mar sa fier mei it ek net komme. Dêrom moatte wy sekuer omgean mei de skepping dy’t troch God oan ús is tabetroud. By it ynfollen en behearen fan de romte moat rekken hâlden wurde mei de identiteit fan it gebiet. Ferskaat en identiteit binne it wurdich beskerme te wurden. Fryslân biedt mear as allinnich mar romte en dat moat sa bliuwe!
Derneist stribbet de ChristenUnie/SGP nei earlike, iepen en ynteraktive bestimmingsprosedueres, minder burokrasy en meer ynventiviteit dat rjocht docht oan ‘e minsklike mjitte fan ‘e boarger.

Spearpunten
1. In aktyf provinsjaal romtlik belied moat ta bydrage oan ‘e kwaliteit fan in duorsum wen- en leefmiljeu, wêryn’t alle ynwenners fan ‘e provinsje binnen de grinzen fan eigen mooglikheden en ferantwurdlikheden, útfiering jaan kinne oan de fan God krigen rintmastersopdracht.
2. De relaasje tusken stedsgebiet, yndustriële sônes en plattelân is kompleks en dynamysk. Yn ús lân wurdt dy dúdlik oerhearske troch de Rânestêd. Yn ‘e Provinsje Fryslân wurdt dy relaasje bepaald troch de grien-blauwe romte fan it lanlik gebiet, ôfmakke mei hûnderttallen (lytse) doarpen, stedsjes en steden, dy’t dizze provinsje syn folslein eigen identiteit jouwe. De ChristenUnie/SGP stipet it provinsjaal belied om yn gearwurking mei alle boargers, bedriuwen, maatskiplike ynstellings en oare oerheden it ferskaat dat fan sa’n grutte wearde is yn ús moaie provinsje te bewarjen en te fersterkjen. It Provinsjebestjoer sjocht der op ta dat de eigen identiteit fan Fryske doarpen en steden (beskerme doarps- en stedsgesichten) yn gemeentlike bestimmingsplannen sekuer garandearre wurdt.
3. De ChristenUnie/SGP stimulearret ek it behâlden en bewarjen fan it karakteristike ferskaat yn provinsjale lânskippen. By it yn stân hâlden en ûnderhâld fan histoaryske en ekologyske lânskipswearden moatte bewenners en grûnbesitters ynskeakele wurde.
4. It gebietsrjochte Streekplan moat dêr’t it mooglik is ynteraktyf ta stân komme. Dêrby is ôfstimming mei it Provinsjaal Wetterhúshâldingsplan, it Miljeubeliedsplan, it Ferkear- en Ferfierplan en it Natuerbeliedsplan as boustiennen fan it nije Streekplan needsaaklik.
5. Yn ynteraktyf oerlis mei de gemeenten en belangeorganisaasjes stelt de Provinsje lânskipsplannen op, wêr’t in lykwichtige ôfweaging yn plak fynt tusken agraryske en natuerbelangen.
6. It útwurkjen en hanthavenjen fan Natuerwetjouwing en EHS (Ecologische Hoofd Structuur) moat yn goed oerlis mei de gebietsoerheden en projektorganisaasjes plak fine.
7. Bestimmingsplannen moatte neist in wetterparagraaf ek fan in romteside foarsjoen wurde, wêr’t ferantwurding yn ôflein wurdt hoe’t mei de beskikbere romte omgien wurdt. It is wol wis dat op nij oan te lizzen en noch te revitalisearjende bedriuwsterreinen in soad romtewinst makke wurde kin. De Provinsje stimulearret dêrom it oanlizzen fan ûndergrûnske parkearromten en bedriuwsromten dy’t har dêrta liene, lykas distribúsjebedriuwen en magazinen.
8. By it útwurkjen fan ‘e Fiifde Nota Romtlike Oardering moatte griene en reade kontoeren net as in sintraal oplein byntliif, mar as in desintraal, mei befolking en belangeorganisaasjes ynteraktyf ûntwikkele en droegen opjefte foar de romtlike ynrjochting fan ‘e eigen omjouwing, hantearre wurde.
9. Neffens aard en skaal moat wentebou ek yn lytse doarpen mooglik wêze, wêrby’t ynbreidzjen passend yn it doarpsbyld en herstrukturering de foarkar hawwe boppe útwreidzjen. De ChristenUnie/SGP stipet it provinsjaal wenplanbelied en wiist ûnbedimme wentebou op it plattelân ôf.
10. Yn alle (lytse) kearnen moatte foar alle ynwenners genôch wenten beskikber wêze. Antisipearjend op mear fraach moatte benammen foar senioaren, starters en minder draachkrêftige minsken, genôch betelbere en kwalitatief duorsume (sosjale) keap- en hierwenten boud wurde. It wentekontingintebelied foar gemeenten moat evaluearre wurde.
11. Wêr’t it kin moat ‘e Provinsje projekten ûnderstypje en stimulearje wêrtroch âldere minsken langer op harren sels wenjen bliuwe kinne; dêrby wurdt tocht oan oanpasber bouwe as noarm, multyfunksjonele soarchsintra, in netwurk fan âldereinsteunpunten en it fuortsterkjen fan ‘e ynstelling fan seniore-advysrieden yn alle gemeenten.
12. Grutskalige, nije boulokaasjes yn Ljouwert en oare stedssintra moatte te berikken wêze mei it iepenbier ferfier.
13. Duorsum bouwe wurdt maksimaal stimulearre, troch ûntwikkeling en subsidearring fan duorsume ekologyske boumaterialen en enerzjymaatregels op it mêd fan griene, sinne-, wyn-, wetter en waarmtekrêftenerzjy.

10. Provinsjale finânsjes en behear



Trends en útgongspunten
By it besteegjen fan ‘e provinsjale middels is de ChristenUnie/SGP fan betinken dat ‘e publike rjochtfeardigens útgongspunt en doel fan it belied wêze moat. Dêr bedoele wy mei dat mienskipsjild om in rjochtfeardige en ferantwurde wize fan ferdielen freget.
De oerdracht fan rykstaken oan ‘e Provinsje is allinnich te oanfurdigjen, at it Ryk de middels neffens de winsklike mjitte fergoedet en it foech folslein oerhevele wurdt.
De Provinsje set har yn foar in rjochtfeardich en ferstannich behear fan ‘e publike middels en sjocht as in ferstannich rintmaster ôf fan it realisearjen fan prestiizjeprojekten dy’t in soad jild kostje.
It ynfieren fan it duale bestjoerssysteem bringt mei him mei dat de Provinsje in Rekkenkeamer ynstelt. Soks kin, mei ynstimming fan Provinsjale Steaten, ek yn SNN-ferbân opsetten wurde.

Spearpunten voor finansjeel belied
1. De Provinsje moat in eigen provinsjaal finansjeel belied fiere. Neist it fersterkjen fan ‘e Provinsjetaken troch de ryksbydrage oan it Provinsjefûns te verheegjen, moat der romte bliuwe foar it fieren fan in eigen provinsjaal belestingbelied.
2. By it ferheegjen fan ‘e provinsjale opsinten op ‘e motorreaubelesting moat der foar de boargers in dúdlike relaasje lein wurde mei it ferbetterjen fan it provinsjaal wegenet en oare ynfrastrukturele projekten.
3. Knipepunten yn ‘e amtlike besetting moatte sa gau mooglik ynventarisearre wurde en foar kundskip oan Provinsjale Steaten brocht wurde. Oan yntern ûndersyk wurdt de foarkar jûn boppe djoere eksterne ekspertise. Allinnich by need wurdt der in berop dien op eksterne ekspertise.
4. Foar de Provinsjale ChristenUnie/SGP bliuwt de prioriteitsfolchoarder by it finansierjen fan nije projekten: earst it needsaaklike, dêrnei it nuttige en treds it noflike.
5. De Provinsje moat har Nuon-belangen sa gau mooglik fersulverje. De beskikbere fûnsen dy dêrút fuort komme moatte yn it foarste plak ynsetten wurde ta it oplossen fan ‘e besteande knipepunten yn ‘e provinsjale romte en ynfrastruktuer, en foar it opheffen fan soarch- en wurkgelegenheidsefterstannen en fierders taheakke wurde oan ‘e algemiene reserve.
6. It subsydzjebelied moat ôfhâldend wêze, yn prinsipe in bydrage yn it tekoart, primêr der op rjochte om provinsjale steunfunksjes en partikulier inisjatyf te stimulearjen en is der net foar om gearwurking ôf te twingen, at soks ta skea fan ‘e identiteit giet.
7. Kritearia foar subsydzjeferliening binne:
a. dat ‘e aktiviteiten dúdlik en genôch partikulier ûnderstipe wêze moatte;
b. dat ‘e aktiviteiten net yn striid wêze meie mei de noarmen fan Gods Wurd of it rjocht;
c. dat der sekuer neisjoen wurde moat oft it bedrach is bestege oan de betingsten dy’t steld binne; ûnrjochmjittich brûkt jild moat weromfoardere wurde.
8. De Provinsje Fryslân lûkt him werom út allerhande megaprojekten, dy’t neffens aard en skaal boppe de Fryske mjitte binne en in soad jild kostje. De Provinsje evaluearret har reserves, fûnsen en foarsjennings geregeld op tal, ynhâld en doelmjittigens en stimulearret, dêr’t it nedich is en finansjeel mooglik, nij foar âld belied. Dúdlik, sunich en ferantwurde!


In tal spearpunten yn ús Provinsjeprogram:

01. De ChristenUnie/SGP stribbet nei morele yntegerens yn it provinsjaal bestjoer;
02. gearwurking fan Provinsje en gemeenten is wichtich foar in krêftdiedich bestjoer;
03. provinsjale inisjativen dy’t rjochte binne op it befoarderjen fan it gesinslibben en de belutsenens op-inoar yn ‘e maatskippij stimulearje;
04. mear feiligens troch it optimalisearjen fan ‘e helpferlieningstsjinsten, lykas plysje, brânwacht en ambulânse en it aktualisearjen fan ‘e rampeplannen stimulearje;
05. stribje nei duorsume feilige diken, troch lykfoarmige dykmarkearing fan lyksoartige diken en it skieden fan auto- en fytsferkear bygelyks;
06. oantreklik en effektyf iepenbier ferfier en ferfier oer it wetter stimulearje;
07. smoargens yn wetter en natuer tebekkringe;
08. goed rintmasterskip troch duorsume bou yn doarpen en steden fuortsterkje, wêrby’t rekken hâlden wurdt mei it ynpassen yn it lânskip;
09. maatskiplik ferantwurd ûndernimmen, dúdlike prosedueres by miljeufergunnings en in goed klimaat foar bedriuwen om harren te fêstigjen stimulearje;
10. agrarysk en kultuertoerisme stimulearje en sporten en rekreaasje, dy’t lûdoerlêst en ûnfeiligens yn ‘e neiste omjouwing feroarsaakje tsjingean;
11. op it gebiet rjochte belied en leefberens op it plattelân stimulearje, troch in stûf lytse kearnebelied, wêrby’t wentebou neffens aard en skaal foar natuerlike groei, ûndernimmerskip en iepenbier ferfier neffens de kearn, mooglik bliuwe moat bygelyks;
12. ûntwikkeling fan duorsume lânbou en ferheegjen fan ‘e kwaliteit fan natuer en lânskip ûnderstypje;
13. bedriuwsmjittich en maatskiplik ferbreedzjen yn ‘e lânbou stimulearje, mei provinsjale subsidiearring fan soarchbuorkerijen bygelyks;
14. leechdrompelige, tagonklike en previntive jeugdsoarch fuortsterkje;
15. âlden belûke yn wykprojekten en skoallen, mei it each op sosjale koheezje en taalefterstannen;
16. de Provinsje moat yn harren belied mei klam omtinken jaan oan spesifike doelgroepen, lykas swerfjongeren, jonge asylsikers en allochtoane jongeren;
17. de Provinsje hat in planningstaak foar deiferbliuwen en gesinsferfangende tehuzen foar handikapten. De ChristenUnie/SGP wol dat ‘e Provinsje ek yn ‘e takomst romte skept foar de eigen identiteit fan ynstellings;
18. de ChristenUnie/SGP makket har sterk foar ekstra omtinken foar de húsfêsting en soarchferliening foar de âlderein;
19. frijwilligersorganisaasjes ûnderstypje en saakkundichheid fan frijwilligers fuortsterkje fertsjinje omtinken fan ‘e Provinsje. Benammen de mantelsoargers hawwe hieltiten wer omtinken nedich;
20. de eigen kultuer belibbing (identiteit) binnen de grinzen van ‘e Nederlânske wetjouwing behâlde, is foar de ChristenUnie/SGP it útgongspunt; de Provinsje moat in koördinearjende rol spylje by de opfang fan asylsikers en flechtlingen;
21. de ChristenUnie/SGP wol in kultuerdebat fuortsterkje oer wearden en noarmen yn ‘e keunst en de rol fan ‘e provinsjale oerheid dêrby;
22. de Provinsje befoarderet de Fryske taal en kultuer en subsidearret de ynstellings, dy’t harren dêr aktyf foar ynsette;
23. de ChristenUnie/SGP stiet behâld en fersterking foar fan ‘e eigen lânskiplike en stedeboukundige identiteit yn en om de doarpen en steden hinne yn Fryslân;
24. de ChristenUnie/SGP pleitet foar in dúdlik provinsjaal streekplan, dat ynteraktyf fan ûnderen op, mei in soad ynbring fan gemeenten, ynstellings, boargers en oare belanghawwers ta stân komt;
25. de ChristenUnie/SGP bepleitet in lykwichtige sprieding fan keap- en hierwenten, wêrby’t benammen de kategory fan ‘e minima, ûnder de senioaren likegoed as de jongeren en Wao-ers, kâns en gelegenheid krije moatte om goed wenje te kennen;
26. it subsydzjebelied heart ôfhâldend te wêzen, yn prinsipe in bydrage yn it tekoart, primêr der op rjochte om provinsjale stipefunksjes en partikulier inisjatyf te stimulearjen en is der net foar om gearwurking ôf te twingen, as dat ta skea fan ‘e identiteit giet.

« Terug

Archief > 2003

Geen berichten gevonden