Waterschappen

woensdag 28 november 2001 13:11

AEZ, 28 november 2001, Wetterskippen.

Skaalfergrutting blykt yn de praktyk hiel faak net sa besparjend te wêzen as dat foarrekkene wurdt.
It grutte probleem sit - tinkt my - net yn de 6 organisaasjes, mar yn de koördinaasje dêrfan.
Dan komme jo by de top út. Dy is kopswier: 105 bestjoerders foar 1 protsje wetter.
De funksjonele demokrasy dy't de wetterskippen binne, kin net fergeliken wurde mei de bestjoerlike fan gemeenten en provinsje.
De funksjonele demokrasy kin wol ta mei IEN laach. Dat is punt IEN.
Ik haw nochris de ferkiezingskranten neisjoen, mar it is en it bliuwt in tiezeboel.
Gjin wûnder dat nimmen dêr wat fan begrypt en de measten de ferkiezingen mar litte foar wat it is.
Ik fyn ek dat de ferkiezingen bot ûnderbeljochte bleaun binne yn dizze stikken.
Ik kies foar IEN ferkiezing foar IEN bestjoer.
As wy it dêr no ris by litte?
Allinnich in bestjoerlike fúzje
In bestjoerlike fúzje is miskien wol goed genôch foar de kommende jierren.
It kostet it minste, it besparret sels jild!
Wy moatte dan allinnich in goed ramt bouwe foar de ferkiezing.
Ik wit wol, IEN ferkiezing foar IEN bestjoer jout noch gjin garânsje foar in goede opkomst en dêrmei foar in goede ferankering by de ynwenners.
Der kin net ferwachte wurde dat de opkomst grutter wêze sil as by gemeentlike as provinsjale ferkiezingen.
As ferwachte wurdt, dat de opkomst yn hokker fariant ek, fier ûnder de 50% bliuwe sil, dan is dy hiele ferkiezingsboel in farce.
Dêrmei hâlde wy ússels demokratysk foar it lapke.
Mar hoe moat der yn dat gefal dán in bestjoer foarme wurde?
Dat soe op twa wizen kinne:
1. it provinsjebestjoer foarmet it bestjoer oer it wetterskipsbarren (dan wurde dy ferkiezings wichtiger),
2. it bestjoer wurdt net keazen, mar foarme troch belangenorganisaasjes, dy't SELS ien (as mear) bestjoersleden leverje. In listenstelsel sûnder ferkiezingen.

Yn it Steatefoarstel stiet (side 2, lêste alinea) dat 'het huidige model in bepaalde opzichten naar behoren functioneert, maar toch ook duidelijk zijn beperkingen kent'.
Dy beperkingen besteane foaral út it ûntbrekken fan 'het gevoel van gezamenlijke verantwoordelijkheid voor het waterbeheer in het gehele stroomgebied van de Friese boezem'.
Op side 3 (tredde alinea) stiet: 'Bovendien willen wij de ogen niet sluiten voor het risico van bureaucratisering dat veelal eigen is aan grote organisaties'.
En yn de folgjende alinea: 'dat wij veel waarde blijven hechten aan het criterium "afstand bestuur - bestuurden". Yn it rapport fan WiisPraterHouse oanjûn as 'democratisch functioneren'.
Alles by elkoar twifelje ik sterk oan in all-in wetterskip. It kin neffens my likegoed mei in bestjoerlike fúzje.

Wat ik hjirfoar sitearre oer de ôfstân bestjoer - bestjoerden laat neffens my dúdlik ta in kar út ien fan de ferkiezingsfarianten, dy't RPF/SGP en GPV oandroegen hawwe yn de Steaten fan 27 juny:
De boargers kieze in bestjoer foar harren kwantiteitswetterskip.
Dizze bestjoeren foarmje mei-elkoar it bestjoer fan it Wetterskip Fryslân.
De demokratyske legitimaasje is hjirby it sterkst en der feroaret it minst.

Yn 1994 haw ik sein: "Skaalfergrutting skynt nedich te wêzen. Mar sa grut as nedich en sa lyts as mooglik. By grutskalichheid nimt de burokrasy ta." Dêrom kaam ik út op 5 ynstee fan 11.
Dêr is noch neat oan feroare, mar hawar, wy sille yn ús kombinearre fraksjegearkomst fan GPV mei RPF/SGP ris sjen wêr’t wy mei-elkoar op útkomme. Dit is myn ynstek.
Wa wit feroarje ik dochs noch.
It is no: go or no go. As jo dat wat hastich sizze,
is it no go or no go. No go dus. Mar dat skeelt mar ien wurdsje, no?

Bram van der Werf, steatefraksje GPV.

« Terug