Autovrije dag

woensdag 19 juni 2002 13:57

It ynternasjonale stribjen nei in autofrije dei yn Fryslân befoarderje.

Provinsjale Steaten fan Fryslân

Gearkomste : 19 juny 2002
Punt : 2, foar Provinsjale Steaten ynkommen stikken, list a, nûmer b.
Utstel : Inisjatyfútstel ChristenUnie/SGP ta befoardering fan in autofrije dei
Steatekommisje : W&M

Koarte gearfetting: it ynternasjonale stribjen nei in autofrije dei yn Fryslân befoarderje.

Ynlieding
Yn Europeesk ferbân wurdt der in saneamde ‘autofrije dei’ hâlden op 22 septimber. Foarich jier hawwe sa’n tûzen stêden en doarpen yn Europa meidien. It ryksregear stipet dizze aksje. It ministearje fan VROM stelt jild beskikber foar it Projektburo Autovrije Dag. Ek de provinsje Fryslân is frege oan dit inisjatyf mei te dwaan, troch minimaal ien provinsjale wei ôf te sluten foar autoferkear (bygelyks yn in natuergebiet) en in finansjele bydrage fan € 3500.
Mei fertsjinwurdigers fan de gemeenten yn Fryslân dy’t oer it iepenbier ferfier geane, is earder oerlis west om tagelyk mei in ‘autofrije dei’ it iepenbier ferfier te stimulearjen. Op hokker wize is (noch) net bepraat. Der kamen doe daliks al problemen oer de keazen dei. De gemeente Ljouwert wol de autofrije dei perfoarst op in snein hâlde, wylst yn hiel Europa dêrfoar 22 septimber keazen is. Tafallich is dat dit jier op in snein. Lykwols is fansels in snein net de meast geskikte dei as autofrije dei, omdat der dy dei dochs al folle minder autoferkear is.
De provinsje hat oerlein mei de OV - autoriteiten yn Fryslân. Dochs is it net slagge om de dielnimmers op ien line te krijen. En dat is spitich, foaral yn it jier 2002, as 22 septimber krekt op in snein falt en dus wol past yn it foarnimmen fan de gemeente Ljouwert.

‘Autovrije dag / Autoluwe dag’
De namme fan de dei ‘Autovrije Dag’ hat in heech ambysjenivo. Autofrij, dat sil net slagje. As wy dat wolle, dan komme wy yn de tiid fan de autoleaze dei troch benzinetekoart mei alle ûntheffingen en argewaasje. Dat is net nedich en dat is net ferstannich. Wolle wy draachflak foar besinning, dan is de namme ‘Autovrije Dag’ net de meast geskikte, mar miskien ‘Autoluwe Dag’.
De autorider moat in spegel foarhâlden wurde:
Wat binne de gefolgen fan ús autoriden?
Bygelyks: elts jier mear as 40 minsken it grêf yn en mear as 240 it sikehûs yn.
Kin it ek yn bytsje minder?
Bygelyks de ôfspraken fan Kyoto neistribje: de ferwachte 40 Megaton CO2 ferminderje mei 3 Megaton, dat is 7,4%. Oant no ta komt der neat fan telâne.
Kin dat net ris wat oars?
Bygelyks op ‘e fyts as mei de bus of trein.
Wy binne fan betinken dat it wichtich is om yn Fryslân mei te dwaan oan in autofrije dei.
Tagelyk moatte alternativen lykas fyts en iepenbier ferfier oandacht krije.

Provinciaal Milieubeleidsplan 2000 – 2003
Yn it provinsjaal Miljeubeliedsplan - wêr it giet oer ferkears-miljeuprojekten - wurdt skreaun: Wij denken vooral aan initiatieven en maatregelen op het gebied van bewustwording en gedragsbeïnvloeding, zoals:
- het regionaal/lokaal organiseren van vervoersmanagement of extra openbaarvervoervoorzieningen, (…)
- het doelgericht stimuleren van fietsvoorzieningen, waarbij tegelijkertijd de automobiliteit wordt ingeperkt;
- het afsluiten van lokale wegen nabij natuurgebieden voor (doorgaand) autoverkeer;
- voorlichtings- en bewustwordingsprojecten, gericht op een meer selectief autogebruik of op een meer milieuvriendelijk rijgedrag. (…)
In autofrije dei past dus hiel goed yn de sin fan it PMP.
Iepenbier Ferfier
It stimulearjen fan it iepenbier ferfier kin op in bulte wizen:
1. troch promoasje middels de media en op oare mooglike wizen,
2. troch it foar ien dei goedkeaper meitsjen fan it iepenbier ferfier,
3. troch it foar ien dei om ‘e nocht beskikber stellen fan iepenbier ferfier.
Oant no wie de hichte fan it rykssubsydzje ôfhinklik fan it tal beteljende reizgers. Troch net betelje te litten foar it iepenbier ferfier soe dus tagelyk de rykssubsydzje ôfnimme en is dat dus dûbel djoer.
Mei yngong fan 2003 feroaret dat. It Ryk betellet dan op basis fan it gemiddelde oer it lêste healjier fan 2001 en it earste healjier fan 2002. Goedkeaper iepenbier ferfier as iepenbier ferfier om ‘e nocht hat yn septimber dus gjin konsekwinsjes mear foar it rykssubsydzje.
Dochs kostet it in bulte jild as it foar de hiele provinsje jilde soe. Boppedat binne de kosten grut yn ferhâlding ta it resultaat, om’t it moar foar ien dei is.
Bliuwt oer de promoasje foar it iepenbier ferfier. It is just hiel goed mooglik om dêr in promoasjekampanje op te rjochtsjen. Boppedat kin dan yn deselde aksje it befoarderjen fan it fytsferkear meinommen wurde.

Ôfslute fan wegen
Hokker wegen soene yn oanmerking komme kinne om ôf te sluten? Wy tinke dat wy no gjin kar hoege te meitsjen. It Projektburo docht sels al in suggestje: in wei troch in natuergebiet. Wy dogge der in suggestje by: in wei wêr al in protte ûngemakken west binne.
Dy twa kategoryen kin út keazen wurde. Dêr is noch wol even tiid foar.
It is fansels wol ferstannich om oer as tichteby in ôfslutene wei in busferbining oan te bieden.

Inisjatyfútstel
Wy stelle de Steaten fan Fryslân foar – sjoen it boppesteande - om:
1. mei te dwaan oan it projekt autofrije dei op 22 septimber,
2. minimaal ien provinsjale wei yn Fryslân út te sykjen om dy dan ôf te sluten,
3. it frege bedrach fan € 3500 beskikber te stellen.

A. van der Werf, ChristenUnie/SGP
R. Ferwerda, ChristenUnie/SGP
E.A. Heerma, CDA

« Terug

Archief > 2002

Geen berichten gevonden