Bestjoersakkoart Kolleezjeperioade 2003-2007

dinsdag 06 mei 2003 21:57

Wy fine it in goede saak dat hjir no in bestjoersakkoart leit en dat der bestjoerd wurde kin.
Ek ynhâldlik kinne wy der yn grutte linen wol mei út 'e fuotten. In foarbehâld meitsje wy benammen noch by ûnderdielen fan: lânbou, folkshúsfesting, rekreaasje en toerisme en ferkear en ferfier.

Wy fine it in goede saak dat hjir no in bestjoersakkoart leit en dat der bestjoerd wurde kin.
Ek ynhâldlik kinne wy der yn grutte linen wol mei út 'e fuotten. In foarbehâld meitsje wy benammen noch by ûnderdielen fan: lânbou, folkshúsfesting, rekreaasje en toerisme en ferkear en ferfier.

Mear muoite ha wy mei de gearstalling fan it Kolleezje fan Deputearren. En dan kom ik yn it foarste plak by it koart ferslach fan 29 april. Dêr is op side 3, rigel 11,12 weifallen: "Sjoen de ekonomyske situaasje fine wy 7 deputearren 2 tefolle." En dat is terjochte ek op fiif útdraaid.
Sa't ik op 29 april fierder sein ha is it mei fjouwer sitten ferlies dochs wer op it âlde trijespan CDA-PvdA-VVD útdraaid. En dat wylst dochs in eachmerk fan it hjir foarlizzend bestjoersakkoart, neffens side 3, is: "it demokratysk gehalte fan it bestjoer te fergrutsjen en de kwaliteit fan de provinsjale demokrasy in ympuls te jaan."

Neffens ús hie it sa ek net hoegen. De ferkiezingsútslach joech hope foar in nije wyn. Der wie romte foar de sjenswize fan de opposysje yn de Suderseeline-paragraaf. En der hiene mei dizze ynformateurs fêst noch wol in pear oare politike formulearringen mooglik west, dy't de FNP mooglik noch wat mear noaske hiene. As de FNP him wat minder partijdogmatysk opsteld hie en wat mear it algemiene belang fan Fryslân as gehiel foar eagen hân hie, dan hiene wy grif in CDA-PvdA-FNP kolleezje hân. En dat hiene wy wis wol stipe.

It muoit ús om de persoanen, dy't as minsken bêst wol harren kapasiteiten hawwe, mar wy sjogge yn in VVD dy't in trêdepart fan har kiezers ferlern hat, gjin krêftich tsjinwicht foar CDA en PvdA. Heechút it oaljemantsje foar de politike stabiliteit tusken grien en read. Want dat wie dochs de ynset fan de formateur: grien moast wer winne en no hat read grien hast ynhelle. It bliuwt lykwols noch wol in nijsgjirrige politike fraach hoe read grien en hoe grien read is yn har belied. Hawar, de kolleezjepartijen binne der yn de konstruktive formaasjepetearen wol wer útkaam: read giet foar grien, al wie dat net de opset fan de formateur. Mar sa gean sokke dingen wolris. Lit no de ploege mar rjocht gean, soe ik it Kolleezje meijaan wolle, jim hawwe der op it lêst in oaljeBaaske by krigen.

En wat de ChristenUnie/SGP oanbelanget, wy sille de fuorgen kontrolearje en fanút ús eigen politike fisy bydrage om goed sied te siedzjen yn de fuorgen fan de provinsjale bestjoerskaders en it fertsjintwurdigjen fan it Fryske folk yn it algemien en it kristlik folksdiel yn it bysûnder. Sa hoopje wy de kommende tiid mei in eigen notysje oer wearden en noarmen, in eigen lânbounotysje en in kadernotysje provinsjaal âlderenbelied te kommen.

Koartsein, de ChristenUnie/SGP wol de kommende fjouwer jier it prolongearjende Kolleezje kritysk folgje en behâldt himsels it rjocht foar om op al dy punten dêr't wy dat nedich achtsje, ôf te wiken fan dit bestjoersakkoart. De kommende fjouwer jier wolle wy as opposysjepartij ús eigen lûd dúdlik hearre litte, yn in permaninte kampanje foar kristlik sosjale gerjochtichheid en by de Fryske boargers en mienskip, romte en wetter belutsen rintmasterskip.

« Terug

Archief > 2003

Geen berichten gevonden